5

Rint de Mariatsjerke leech? Werom sjen nei 2015. Wy kinne werom sjen nei in goed jier mei inkele hichtepunten, wer't de tsjerke goed beset wie. Ik tink dan bygelyks oan de 4 maaie betinkst, fan Tsjerke nei Kroech, Palmpeaske en Kryst. Net allinne dat. mar ek dat wy mei grutskens sizze kinne, dat de Mariatsjerke ien fan de hûndert moaiste ynterieurs fan Nederlân hat. No lies ik it folgjende stik yn de nijjiersrede fan Roel Sluiter (boargemaster fan Harns): De aanhoudende vluchtelingenstroom veroorzaakt bij sommige mensen de angst dat de Nederlandse cultuur op de achtergrond raakt. Hy joech it folgjende adfys: Laten we onze eigen cutuur dan versterken. Als je christelijk bent, protestants of katholiek ga dan vaker naar de kerk en versterk dat cultuurgoed in plaats van de kerken leeg te laten lopen. Hij ropt op: Laten wij met elkaar hard werken aan een samenleving waarin wij er allemaal toe doen, waarin iedereen belangrijk is en we ons samen met elkaar veilig weten. Een dergelijke samenleving zal sterk genoeg zijn om dat beetje islam te integreren. Doe't ik dat lies yn de LC fan 5 jannewaris 2016 tocht ik: Dit is wichtich! Dat wol ik publisearje yn ús doarpskrante Mandeguod. Dus oan jim in oprop: Lit ús tsjerke net leechrinne! Kom ek ris op in sneintemoarn del. It is wier, eltse snein as der yn Mantgum tsjerketsjinst is dan is der kofje en gelegenheid foar in praatsje. Oant sjen. Aukje Dijkstra Mandeguod 3

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication