7

Oaljekoeken 2016 Sa as elts jier stie der dit jier ek wer in moaie ploech minsken fan keatsferiening Jacob Klaver en kuorbalferiening WWC foar jo klear om hearlike oaljekoeken te bakken. Om healwei seizen stiene der yn de Wjukken al drok minsken beslach te miksen, sadat om sân oere de oaljekoekbakkers gelyk los koene. Rûn tsien oere koene de ynwenners fan Wiuwert/Britswert en in oantal ynwenners fan Mantgum al genietsje fan harren oaljekoeken. Rûn kofjetiid kamen der ek in soad minsken sels waarme oaljekoeken heljen yn de Wjukken. Tusken de middei stie der Sinees klear foar de bakkers sadat se de lêste oerkes noch efkes trochbakke koene. Ek de ynwenners fan Mantgum krigen de hearlike oaljekoeken thús en foar de bakkers stie der nei dizze lange moaie dei in fertsjinne borreltsje klear. Beide ferienings ha troch dizze aksje € 440,- ophelje kinnen. Dit is fansels wer in fantastysk bedrach wat beide ferienings goed brûke kinne. Wy wolle graach alle oaljekoekbakkers, rûnbringers, oprommers en oare frijwilligers tank sizze foar harren help dizze dei. Ek wolle wy fansels de oaljekoek leafhawwers tank sizze foar harren stipe! Oan’t takom jier! KF Jacob Klaver en KV WWC Mandeguod 5

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication