33

De man dy’t hout dûnsje liet; it lêste nijs! Minsken it sjit op, noch trije wike en Mantgum wurdt in echt houtdoarp mei in houtfestival en in dûns- en teaterfoarstelling. Wy binne de tredde Under de toerfoarstelling. Nei ‘De Frijtinker’ yn Drylts en ‘Marijke Muoi’ yn Ljouwert. Yn totaal wurde der op 32 plakken yn Fryslân Under de toerprojekten hâlden en wy fine it prachtich dat Mantgum hjir ek oan meidocht, dêr meie wy wol grutsk op wêze. De kaartsjes foar de dûns- en teaterfoarstelling binne sawol op de webside www.dunsjendhout.nl te bestellen, as by bakker Sijbesma yn it doarp te keap mei in moaie koarting foar de Mantgumers. Tink der om: de middeisfoarstellings binne ferfallen, der binne allinne jûnsfoarstellings. Yn it tsjuster komt de foarstelling it bêste ta syn rjocht. Alle jûnen om 19.30 start de foarstelling op it stasjon (útsein sneon 24 febr. om 19.00 oere). De repetysjes binne yn folle gong. De klean wurde naaid troch Monique Gijzen út Weidum, de spilers en dûnsers binne drok oan it oefenjen. Wy skeakelje organist Take Beukema yn en der sil muzyk op basis fan houtsnijlûden te hearren wêze, makke troch Martin Kuipers. Ek de Mantgumer maten sille yn dizze foarstelling opdûke. It skript is skreaun troch Raymond Muller en Zen Roorda. Dizze minsken dogge der meiïnoar alles oan om jo in moaie foarstelling belibje te litten. Noch even op in rychje: Woansdei tongersdei freed sneon moandei tiisdei 21 febrewaris premjêre 19.30 oere (útferkocht) 22 febr. 19.30 oere 23 febr. 19.30 oere 24 febr. 19.00 oere 26 febr. 19.30 oere 27 febr. 19.30 oere. Hâld foaral ús webside yn ‘e gaten want der kinne ekstra foarstellingen bykomme en fansels Facebook: dunsjend hout en Twitter: @dunsjendhout Houtfestivalwykein: Sneon Snein 24 febrewaris: 13.00 – 22.00 oere 25 febrewaris: 13.00 – 20.00 oere Mfc Wjukken Tagong: € 4,00 (ynkl. kofje); bern o/m 12 jier € 1,00 (ynkl. ranje) Mandeguod 31

34 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication