51

maart 2022 51 Fergunningen Yn de Mandeguod fan febrewaris koenen wy jim al fertelle dat de fergunning fan de Provinsje Fryslân binnen wie en dat it wachtsjen wie op it Wetterskip en Gemeente Ljouwert. It Wetterskip hat no ek de fergunning ofjûn en dy fan Gemeente Ljouwert sit yn ‘e post. Planning Op it momint dat de fergunnigen rûn binne, kin ek de planning mear foarm jûn wurde. Utfragen by Frankena en Klaversma binne dien en der wurdt ofstimd mei de sportferieningen wannear de wurksumheden by it terras it beste útfierd wurde kinne. Byprate op 28 febrewaris Op 14 febrewaris wie it doarp útnûge foar in bypraatjûn yn ‘e Wjukken. Dizze jûn is twa wiken útsteld, fandêr dat wy op it momint fan skriuwen noch net witte wat hjir út kommen is. De bypraatjûn foar ferienings ein jannewaris wie goed besocht en de plannen foar it terras by de Wjukken waarden entûsjast ûntfongen. Sette jim 28 febrewaris yn jim agenda? Jim binne om 20.00 oere wolkom yn de Wjukken. Jou jim op fia boppeslach@ wjukken.nl of meld jim efkes oan by ien fan it projektteam. Save the date: 26 maaie 2022 Dautraapje foar Boppeslach! Mei hemelvaart, op tongersdei 26 maaie, komt Boppeslach mei wat leuks. Set de datum alfêst yn jim agenda. Mear ynformaasje folget! Mear ynformaasje Oant safier de update fan Plan Boppeslach. At jim noch fragen of opmerkingen hawwe: lûk ien fan it projektteam oan ‘e jas of mail nei boppeslach@wjukken.nl. Groetnis! Projektteam Plan Boppeslach Jant, Korrie, Jelmer, Karin en Baukje

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication