58 Mandeguod op beide foto’s sjocht der net gelyk út. Dat der ek immen al langút yn it gers lizzen gien is en dus de flucht net sjocht, wiist ek yn dy rjochting. Dat moat in kâld spultsje west hawwe, want it wie jannewaris… Hanso lit fleantúch los kamera wol betelje. Op it momint dat Hanso it tastel loslit, hat de fotograaf ôfdrukt. Op ‘e twadde foto sjochst noch Hanso syn hannen en omdat de fotograaf fanút in oar perspektyf de foto makke hat, krij ik de yndruk dat der twa fotografen wiene. Mar noch grutter is de kâns dat Hanso it tastel in pear kear de loft yn stjoerd hat, want it publyk It model moat dy deis stikken gien wêze by de landing, fertelde âldpostkantoarhâlder Bosch yn 1969 oan in sjoernalist, hy hie derby west. Mar hoe’t it tastel oandreaun west hie, wist er net mear. Ik hâld it op elastyk: op ‘e foto is it fleantúch net goed te sjen, mar de dikke streep moat hast wol in stik elastyk west hawwe. In heal jier nei de proef fan Hanso fleach op 23 july 1909 Louis Blériot mei
59 Online Touch Home