71

maart 2022 71 Teater Kollektyf Griene Sjippe (Kabaret) Toanielfreonen, Nei in heftige perioade fan tsjinslaggen troch it koroana-firus sadat wy de produksje fan “Bûter Brea en Soere Molke” net útfiere koene sa as wy dat graach woene en troch alle beheinende maatregels en finansjele tsjinslaggen, binne wy dochs wer posityf fan start gien mei de tarieding en rippetysjes fan ús nije oankommende kabaretproduksje “Bytsje Minder, Bytsje Mear”! De premiêre fynt plak op sneon 2 april yn de “Wjukken” Mantgum, fan 20.15 oere ôf. Spilers binne: Folkert Sijbrandij en Renee Fokkema. De muzyk is wer yn hannen fan Erwin Hendriks en as gast Rob Faltin. De rezjy is yn hannen fan Hotze Karsten. De skriuwers binne: Folkert Sijbrandij, Renee Fokkema, Hotze Karsten en Erwin Hendriks. Lûd en Ljocht: Marius Del Grosso. “Bytsje Minder, Bytsje Mear” is in kabaretprogramma mei moaie muzyk en prachtige humorfolle teksten, dêr’t in ûnske minder, in ûnske mear sintraal yn stiet. Of krekt oarsom? Dy fraach wurdt ús faak steld by it ôfweagjen fan in produkt yn in winkel. It is wer in prachtige jûnfoljende produksje wurden, mei de noadige koartswyl, muzyk en folksaardige typearringen. Wy litte jo genietsje fan en laitsje om moai kabaret dêr’t jo je de bûsen by útskuorre!! Kaarten kinne jo bestelle 6 maart 2022 op : www.grienesjippe.nl Oant gau!

72 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication