77

maart 2022 77 Dy oare deis wy dêr nochris hinne. Earst mochten Sven en ik wer in pypfol omtyskje, mar doe hat Baas my goed tasprutsen en begûn hy my beet te hâlden. No, dat fleach my suver oan! En doe’t ik úteinlik fielde dat myn frutsel beroerd waard, haw ik in pear ôfgryslike gjalpen jûn. Ik haw wrachtich gûld as in lyts wolfke! ‘Dit wurdt neat en sa moatte wy net wolle’, hearde ik sizzen. Myn leave santjin, wat begrutte it my foar dy wâldrikel! Hy stie der alderôfgryslikste helpleas by, dy siel. It lei ‘m ek wier net oan him. Mar wat wie ik bliid dat ik wer mei yn ‘e wein nei hûs ta mocht... Der is wat ôf eamele nei dy tiid. En Frou hat ek wier wol in trientsje litten. Mar ik hearde Frou en Baas tsjin inoar sizzen zorgvuldig en met aandacht dat se de lju mar rabje litte moasten. En dat se grutsk op harren lytse wyfke wiene en bleaunen. ‘In hûn heart baas oer har eigen lyfke te wêzen.’ No, better hie ‘k soks sels net blaffe kind! Dy nacht kamen yn myn dreamen opnij piken út dy einekoer foar ‘t ljocht. En seach ik dy jerke him wer oan dat eintsje fergripen. Doe wist ik dat ik it by eintsjebeslút by de rjochte ein hie... Dag en nacht bereikbaar T 0566 60 29 22 I www.dejonguitvaartzorg.nl www.dejonguitvaartzorg.n .nl nl

78 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication