2. Ate de Jong: Op it eardere gemeentehûs fan Baarderadiel, hâldt Ate de Jong in bysûndere foardracht. Under mear oer wat hjir yn de 2e Wrâldoarloch foarfallen is. 3. Marleen Zweers & Liuwe van der Meer: bringe in program mei gefoelige, sentimintele en soms ûndogenske lieten fan Mozart foar sopraan en fortepiano. Griene rûte 1. Ienakter Wiuwert/Britswert: 6 jeugdleden (14-18 jier) fan Toanielferiening Vriendenkring Wiuwert/Britswert spylje de fleurige ienakter It Priisknyn. No ja, fleurich? Wêr is Harry syn kampioen-Flaamske reus eins keard? 2. Egbert van der Werff: As frontman/singer/songwriter fan 'e gitaarband William Seen’s Transport Music hat er ek by it jubileum fan De Wjukken ús fermakke; by TTeK sil him dat grif ek wer slagje! 3. Picture Poems: Tresoar en it Frysk Filmargyf hawwe, yn gearwurking mei de filmmakker Johan van Ooijen, tolve Fryske gedichten ynsprekke litten en dêrby filmbylden meitsje litten. Nei ôfrin, sa as wenst om in oere of tsien, sitte wy wer gesellich nei yn de Wjukken. Jimme kinne yn it foar kaarten bestelle fia de mail, frisia1874@gmail.com of oer de tillefoan, op nûmer 058-2504321 (op freed 20 maart en freed 27 maart, tusken 19.00 en 20.00 oere, by Mieke Peenstra). De kaarten kinne dan ôfhelle wurde tusken 16.30 en 17.00 oere op 'e dei sels yn 'e tsjerke. De kaarten kostje foar net-leden € 15,- / foar leden fan Frisia1874 € 5,-. Jimme kinne ús ek "like" op Facebook/Frisia1874! It bestjoer fan Frisia1874 MANDEGUOD 17
20 Online Touch Home