5

Wiet Wetter Klup It is begjin febrewaris, it is in bytsje winter mar sil it trochsette of net, dat is de fraach. Ien ding is wis: it wurdt wer maaitiid! Nei ús winteraktiviteit, it ferljochtsjen fan it skûtsje fan Peter de Koe, werfoar tank en it meitsjen fan in oanfarringsskot yn 'e brêge fan Mantgumersyl kin it oer in hoartsje wer oan gean mei it farren. De Mantgumerfeart is oeral wer op djipte fan 1.40 m. brocht. De trochfeart by de Mantgumersyl is fan 3.90 m. nei 4.10 m. brocht, troch selswurksumheid van leden fan de WWK. De “fingers” tusken de húzen by de nijbou wurde elts jier 4 cm !!!! ûndjipper, no al is de djipte op plakken mar 1 m. Der moat troch de oanwenjenden sa gau as mooglik aksje komme nei de gemeente. Ek wy as WWK wolle graach fan jimme witte wat jimme der mei wolle, sadat wy as WWK dan mei de gemeente prate kinne oer in oplossing op koarte termyn. Om't de modder en wâlen fan it baggerjen fan de Mantgumerfeart der no noch binne en benut wurde kinne. Wy hawwe fan 't maaitiid 2 aktiviteiten op priemen: Op freedtejûn 24 april hawwe wy wer in feestlike iepening fan it wettersportseizoen 2015; dat wurdt trekskuit lûke. It moat in happening wurde fan it hiele doarp. Yn Mandeguod fan april komme we der op werom. Derneist wolle we ferieniging wurde. Ek dêr is mear oer te lêzen yn it april nûmer fan Mandeguod. Wy freegje fan jimme as doarpsgenoaten by jimme sels nei te gean as jimme farre en wetter nei oan it hert lizzen hawwe, mei rjochting oan jaan wolle yn ús no noch aksjegroep. Mar as it giet sa as wy graach wolle, straks in ferieniging. Foar it behâlden fan ús/jimme far- en swimwetter is ferjonging fa sa'n klup fan 60+ in must. Jou jimme no al op sadat jimme alfêst wat yn 'e sfear komme fan dizze wurksume en tige ynspirearjende ploech. De skriuwer Teake. maart 2015 Mandeguod 3

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication