Nijs fan Frisia Tusken tsjerke en kroech program klear (11 april) De rûtes fan ‘Tusken tsjerke en kroech’ binne bekend! Noch even koart hoe’t it ek alwer wurket: kaartsjes bestelle fia mail of oer de telefoan en dêrby de kleur fan de rûte trochjaan. Tusken 16.30 en 17.00 ynrin yn de Mariatsjerke; kaartsjes ôfhelje en betelje; ferkeap fan lotsjes 17.00 iepeningsfoarstelling yn tsjerke. 17.50 nei De Wjukken 18.00 waarm ite yn De Wjukken 18.50 op reis nei it earste ûnderdiel mei in gids nei de lokaasjes 19.00 earste ûnderdiel 19.45 twadde ûnderdiel 20.30 tredde ûnderdiel 21.15 neiprate yn De Wjukken en ferlottingsprizen ôfhelje De rûtes: Read: Toaniel: Frjemde Fûgels. It publyk wurdt útnoege om allegear frjemde fûgels dy’t yn Mantgum omstrune te bewûnderjen, mar of dat feilich genôch is? Jongeren út Mantgum soargje foar muzyk, humor en slapstick. Betocht en regissearre troch Symen Sjoerd de Vries en Trudy de Vos. Spilers binne: Hinke Fopma, Marco Fopma, Marijke Fopma, Ytsje Koops, Geert Reitsma, Jan Terpstra, Ynte van der Veen en Lennard Weijer. Muzyk: Wouter van der Wal mei in ferhalende muzikale foarstelling. In program oer dreamen, tiid, fantasy en werklikheid. Muzyk: Folkpolitie besteande út Sien en Bauke de Groot, Greetje Wiersma en Hinke Wolthuizen. Sy sjonge Ierske folk, mar sy meitsje ek in omwei nei Nederlân en Fryslân. Giel: Kabaret: Lucinda Weijer-Nutma en oaren mei in foarpriuwke út it nije kabaretstik fan Griene Sjippe 49
52 Online Touch Home