Muzyk: Lytskoar út Easterlittens mei lieten yn alle talen Film: Wim van Eijff lit bylden fan Mantgum sjen: steane jo der ek op? Blau: Toaniel: Twastriid, twa susters treffe inoar by de notaris yn de wachtkeamer en wat der dan bart? Spilers: Anneke Fierstra, Anja Steegstra en Age Kleinhuis Muzyk: ‘De jonge Mozart’, stikjes út brieven en muzyk op klavecimbel en fioele fan it Wûnderbern Mozart, mar de muzyk is bepaald gjin bernewurk! De muzyk wurdt spile troch Liuwe van der Meer en Ceciel van Gent. Muzyk: Sjonger Andries Kobus en pianist Jan van Erp, sille in seleksje bringe út harren nije cd: ‘Van weemoed en andere genoegens’. Kaarten bestelle foar Tusken tsjerke en kroech? Oantal kaarten en de kleur fan de rûte trochjaan, mei jo namme en adres en oanjaan of jo lid binne fan Frisia of net. Foar leden is de tagong € 5,00; net leden € 15,00 Dat is ynklusyf in waarm miel iten yn doarphûs De Wjukken. Oer de mail fia: Frisia1874@gmail.com of telefoanysk opjaan; dat kin jûns tusken 19.00 en 21.00 by Sien de Groot: 058- 2501108 Itensieders frege Wy sykje noch entûsjastelingen dy’t foar tsien minsken iten siede kinne. Wat is jo leavelingsresept? Meitsje it klear op sneon 11 april en ferwen jo doarps-genoaten der mei! Ynfo: Frans Rodenburg 06 – 511 20 121 of: f.m.rodenburg@hetnet.nl Graach oant sjen by ‘Tusken tsjerke en kroech! Folgje ús ek op Twitter @Frisia1874 of op Facebook www.facebook.com/ frisia1874 Peasaaikes En as lêste nijtsje: yn maart komme wy mei peasaaikes by jo oan ‘e doar. Sa stadichoan in lekkere tradysje yn Mantgum. Wy hoopje dat jo ús stypje wolle. Bestjoer Frisia 1874 maart 2015 Mandeguod 51
54 Online Touch Home