55

Kinne jo fraaie Fryske ferhalen of fersen skriuwe? Doch dan mei oan de Rely Jorritsma Fûns priisfraach. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. Rely Jorritsma fûns Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Sûnt 1952 wurdt syn winsk noch hieltiten útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmje it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. By de fyftichste jierdei fan de Rely Jorritsma-priis waard der ek in priis foar jongerein ynsteld, de Junior Rely. Dit jier wurdt de priisfraach foar de sechtichste kear útskreaun. Wat kin der wûn wurde? In bekroand fers wurdt honorearre mei in jildbedrach fan € 200,- en foar in winnend ferhaal is de priis in bedrach fan € 800,-. Boppedat hat de sjuery de mooglikheid om in ‘blyk fan wurdearring’ oan in fers of in ferhaal ta te kennen. It bestjoer wol foaral ek begjinnende skriuwers stimulearje. Wat binne de spulregels foar de Rely Jorritsma priisfraach? Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. - Op de slúf oanjaan oft it om in G(edicht) of in F(erhaal) giet; - De bydrage moat typt en yn fjouwerfâld opstjoerd wurde; - De priisfraach is anonym en bliuwt dat foar dyjingen dy’t gjin priis winne. Dêrom moat der op de bydrage sels dúdlik in motto/pseudonym fermeld wurde; - It motto/pseudonym mei jo namme, adres, wenplak en biografyske gegevens op in A4 skriuwe en der by ynslute; - It wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien ha, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze; - Net mear as ien gedicht en/of ien ferhaal ynstjoere; - De bydrage moat fóár 1 maaie 2015 ynstjoerd wêze. Jo bydrage wurdt net weromstjoerd; Oer de útslach kin net korrespondearre wurde. maart 2015 Mandeguod 53

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication