Tusken tsjerke en kroech V Mantgumer en oar talint op 2 april te sjen en te hearren De sneon nei de Peaskedagen op 2 april is it safier. De fiifde kear ‘Tusken tsjerke en kroech’ komt tichterby. Edysje fiif, dat betsjut ûnderweis in fiifgonge menu!! Wy ha in ferrassend program foar jim yn petto. Dit jier ha wy om te begjinnen wer ferskate toaniel-, muzyk-, dûns en filmûnderdielen mei Mantgumer spilers en mei gastspilers. Sa as gebrûklik begjinne wy yn tsjerke, diskear mei: film, in foardracht, muzyk èn in amuse (dat is in tige lekker hapke!). It oare iten krije jimme ûnderweis, op hieltyd oare lokaasjes. Lit jimme ferrasse! Griene (fegetaryske) rûte: Toaniel: Swart is sa tryst, spile troch It Kritetoaniel fan Aldeboarn mei Grietsje Waringa, Tjikkie Toering en Bea Grotenhuis. Trije susters komme byelkoar yn it âlderlik hûs. Mem is ferstoarn en der moatte in tal saken regele wurde. Mar alles wat de iene regelje sil of wol, falt by de oare fuort ferkeard. Ien ding ha se gemien: it ôfskie moat in barren wurde om nea te ferjitten… Dûns: Ferdivedûnsje: is in orkest dat al 22 jier bestiet en repetearret yn Mantgum. It orkest bestiet út 7 leden dy’t inoar fûn ha yn de folksmuzyk. Ferdivedûnsje treedt gauris op mei de showgroep fan folksdûnsferiening Yduna. It wurdt in hark-optreden mei trije lytse dûnsyntermezzo’s fan Yduna út Itaalje, de Kaukasus en Nederlân. Muzyk: Folkpolitie: in âlde bekende fan ferline jier. Korpssjef Bauke de Groot mei syn agintes: Greetje Wiersma, Hinke Wolthuizen en Sien de Groot. Sy sjonge noch altyd folk, mar it is wol wat in rom begrip. Neist ferskes yn it Ingelsk en Nederlânsk ha sy no ek inkelde Fryske ferskes op it program. Giele rûte: Toaniel: ‘Belje dokter’mei: Nynke de Groot, Lucinda Weijer-Nutma, Bettie Bruijnzeel, Dennis Joosse en Tryntsje van der Galiën. In toanielferiening bestiet fiifensantich jier. It bestjoer wol dit jubileum net ûngemurken foarby gean litte. Jûn sil de earste gearkomste hâlden wurde by de nije foarsitter thús. Hoewol’t er him tige goed tared hat, falt it net ta om fjouwer froulike bestjoersleden yn de stringen te hâlden. As der ek noch in nij lid bykomt en it heft yn hannen nimt, binne de rapen gear…… Dûns: De Meisjes. Dûnsselskip ‘De Meisjes’fan Marlien Seinstra bestiet út tsien erfaren moderne dûnsers. Se spylje: ‘De perfekte frou’, in dûnsfoarstelling oer de fraach wannear’st in perfekte frou bist, wêr’st dan allegear oan foldwaan moatst. Gastspiler is Popke van der Zee. Muzyk: ‘In Bach yn Bückeburg’. Liuwe van der Meer spilet op in 18de iuwske piano en Jet van Leeuwen spilet traverso, in foarrinner fan ‘e moderne dwersfluit. Sy spylje muzyk fan Johann Christoph Friedrich Bach, de op ien nij jong Mandeguod 11
14 Online Touch Home