15

ste soan fan ‘e âlde Bach. Dizze Johann hat fjirtich jier oan it hof fan Bückeburg wurke en hy wie in tiidgenoat fan Mozart. Sa’t wy wend binne fertelt Liuwe der fan alles omhinne Reade rûte: Toaniel: ‘Sipeltriennen’ troch Anja Steegstra. Martha libbet har eigen libben. Se wennet allinnich mar “it libben hat har in protte jûn”. Ien kear yn’ e wike siedt se hutspot. Alle wiken wer. Sels is Martha der noait sljocht op west. Se sit by de tafel en snijt sipels en woartels. Wylst se net iens sljocht is op hutspot. Mar Anne fûn it altyd sa lekker… fynt it altyd sa lekker… En dan komme de triennen. Binne it echte triennen of ‘sipeltriennen’ ? Muzyk: De Mantgumer Boys dy’t spylje as saksofoankwartet en as band! JenteSjoerd Seffinga; Rutger Mulder; Jolmer Terpstra en Niels Sibma en mei Lukas Rienstra, Thom Paternotte en Willem Reitsma. Muzyk: de Mantgumer maten. Diskear trede sy op in tige bysûndere lokaasje op dy’t alles te meitsjen hat mei boaten en wetter. De maten wurde begelaat troch Yvonne Koornstra en Lys Scarse op de akkordeon. Diriginte: Gebbien Braam. Program yn de Wjukken Oars as oare jierren komme wy om 21.00 oere (werom) yn De Wjukken. Dêr stiet de fiifde gong op jimme te wachtsjen. Dan folget der noch in geweldich Mantgumer muzykûnderdiel datst foar gjin goud misse wolst en dêr’t – tinke wy- noch lang oer neipraat wurde sil. Nei de ferlotting is der alle rûmte foar de swingende band Ananazz dy’t funky, jazzy, Afrobeat, Balkanbeat en Ska spilet, ûnder lieding fan Kees Romers! Mandeguod 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication