37

`Heimwee nei Hurdegaryp` Woansdei 10 febrewaris - Plak: de Wjukken We hawwe it stik fan Tryater yn de Wjukken besocht: `Heimwee nei Hurdegaryp`. Der sieten op dizze dei troch de wike sa'n 50 minsken op de tribunes, tribunes dy't it measte wei hiene sa't dy fan in jier as 15 lyn yn Jorwert brûkt waarden. Foar my ek in heimwee momintsje. It toaniel wie opboud mei izeren rûne buizen en in wetterbak. It seach der yndustrieel út mar it wie yn de rin fan it stik ek tige funksjoneel . Mei wetter, wyn en reek waard alles út de kast helle. De spilers, twa manlju dy't werom giene nei harren jonge jierren. Kij melke yn de molkkelder sûnder lûd en se reitsje dan yn harren bernskens en stadichoan wat âlder. Moai spile op profesjonele wize troch Lourens van den Akker en Eelco Venema. Fermaaklike sitewaasjes en bysûndere omstannichheden “makken” dizze foarstelling. Myn “heimwee” nei de moaie stikken dy't Tryater eartiids spile wurdt mei de dei grutter. Ek it publyk is like âld as pak 'm beet 10 jier lyn. Myn hope is dan ek dat men by Tryater ek wat “heimwee” hat nei dy goede tiid. Mei it each op de 60 minuten spyljen en de spultsjes letter op 'e Clincke kriget dizze foarstelling fan my trije stjerren op in skaal fan fiif. Teake Oosterbos Wite blommen draach ik oan Meikoarten kom ik wer nei Mantgum om oer gedichten te praten. Dit kear nim ik wite blommen mei, want ik wol it hawwe oer it ûnbeneambere yn ús bestean. Oer datjinge wat de dichter bedoelt, as er skriuwt: lees maar, er staat niet wat er staat. Ik hoopje alle minsken dy't ferline jier mei my op reis west hawwe troch it lân fan de poëzy wer te treffen foar in ynspirearjende middei. Mar nije belangstellenden binne ek tige wolkom. Dus graach oant sjen yn de Wjukken op tongersdei 17 maart 2016. Tiid: 13.30 -15.30 Hylke Tromp En o ja: mochten jimme sels in gedicht ynbringe wolle dat mooglik by it thema past: mail dat dan nei: info@seniorenlittenseradiel.nl Wa wit wat derfan komt. Kosten € 6,50 incl. kofje/thee, oan ‘e seal te beteljen. Oanmelde foar 14 maart e-mail: info@seniorenlittenseradiel.nl til.: 058-2501303 Mandeguod 35

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication