43

By dizze wolle wy jimme graach op 'e hichte bringe fan it fernijende 'Memories of a nightclub' konsert fan Harmonie Weidum. Memories of a nightclub: In âlderwetsk gesellige jûn fuort! Yn Weidum leit 12 maart de dûnsflier foar jo klear om te dûnsjen en te swingen op muzyk fan ûnder oare Jim Croce, Amy Winehouse, Glenn Miller Orchestra en Kyteman. Fanfare Harmonie Weidum besoarget jo in ûnferjitlike en âlderwetsk gesellige jûn út mei it unike ‘Memories of a nightclub’ konsert yn de folslein oanklaaide grutte seal fan it doarpshûs fan Weidum. Mei ‘Memories of a nightclub’ wurdt de taskôger de dûnsflier oplutsen troch de gelegenheids bigband dy ’t spesjaal foar dizze jûn foarme wurdt. Lit jo ferrasse troch ferskate gastmuzikanten lykas The Andrew Sisters, pianist Jan Stulp en sanger Wybo Smids dy ’t Frank Sinatra fertolket. Kaarten à €10,- it stik binne 12 maart oan de doar te krijen en fan 1 febrewaris ôf fia www.harmonieweidum.nl. De nachtclub iepent har doarren 20:30, om 21:00 is de kick-off. De 118 jierrige muzykferiening Harmonie Weidum bestiet út in malletband en in fanfare. De ôfrûne jierren hawwe beide ôfdielings al hiel wat besikers nei Weidum lutsen, ûnder oare mei de bernefoarstelling Hennie de Heks, mei de film Koperdieven en op fjirtjin febrewaris 2015, yn gearwurking mei de malletband, mei it festiValentijn. Under de besiele lieding fan dirigint Ria Fennema hat de fanfare fan ’t hjerst op it konkoers in 1ste priis mei promoasje behelle. Njonken de temakonserten is Harmonie Weidum ek te finen by keatspartijen, it iepenloftspul yn Jorwert, by trouwerijen en jubilea; in iverige en belutsen doarpsferiening dy ‘t altyd op syk is nei fernijing. Mei ‘Memories of a nightclub’ jit Harmonie Weidum it fenomeen korps yn in folslein nij jaske en bringt sy hafabra leafhawwers, dûnsfans en âlderwetske geselligens byinoar. Temakonsert fanfare Harmonie Weidum Memories of a nightclub 'in âlderwetsk gesellige jûn fuort' Yn gearwurking mei ferskate artysten, 12 maart 21:00 yn it Doarpshûs fan Weidum. Tagong: €10,Kontakt: Janneke de Boer, jannekedeboer1@hotmail. com, 06-10770165, 058-2519402 Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication