goed bist wie. Ik hie dat talint net yn my. In ko wie in ko en in kealtsje wie in kealtsje. Ik koe se mar min útinoar hâlde. Sels ús mem koe de kij better as ik. Foar my wie dat net altyd like moai. De keurderij fan de kij, it sei my neat. Ik hie der sels in hekel oan. De dúnske kij moasten gauris nei de bolle fan Jaring Schaap ta. Dat wie in hiele rinnerij nei Dearsum. Alle kij hienen der ek net altyd nocht oan om sa’n ein te rinnen. Rommert of Goaitsen hienen Wykje oan it helter fêst. En myn persoan moast de ko mei in stokje oanjeie. Auto’s wiene doe hast net op ‘e dyk, mar in moai wurkje fûn ik dat net. Broer Hink wie der noch te lyts ta. By Schaap gong it net altyd like maklik. De ko en de bolle wiene ek net altyd like hastich. Yn 1936 krigen wy der in suske by. It makke ús leau ik net sa folle út. Doe’t se wat âlder waard, wie se wol ris wat kringeftich, mar ja dat koe ek oan ús lizze. Sjoerdtsje wie har namme. Sa no en dan giene wy mei ús heit en mem op fakânsje. Yn it earst oan bedarren wy dan mei de auto yn Appelskea yn it kompagnonshotel oan de feart by de slûs. Wat wie soks doe prachtich. By de boskberch galmen Hollânske lietjes oer berch en bosk. Wat in fermeits! Gauris wiene wy dêr. Letter giene wy nei Velp by Arnhem. De Zijpenberg en de Posbank wienen foar ús de moaiste plakjes yn ‘e wrâld. De Zijpenberg is in bysûnder stikje Nederlân, sis mar “Unyk” As men dizze hichte (110m) op rydt komt men in tsiental hierspjeldbochten tsjin dy’t net ûnder dogge foar bûtenlânske hierspjeldbochten. Bosken en heidefjilden wikselje inoar ôf. De Posbank is in hichte mei in fiergesicht oer de heide oan’t de Steeg ta. It moaie park Rosendael mei kastiel en bedriegertjes (ûnferwachte fonteintjes, wêrfan men wiet as in dweil reitsje koene) komt men dêr ek tsjin. 75 jier ferlyn wie ‘k dêr foar de earste kear. Dit jier wiene wy der wer. Neat feroare, op’e nij hartstikke moai. De Zijpenberg en de Posbank tenei mear Mandeguod 15
18 Online Touch Home