Aktyf!: Bakke mei Hidde: Hidde Jonker waard in lanlike bekendheid troch syn meidwaan oan ‘Heel Holland bakt’. De finale dêrfan hat er net helle, mar dat is net slim. Hy sil by ‘Tusken tsjerke en kroech’ mei de dielnimmers oan ‘e slach. It resultaat meie de dielnimmers daliks opite! De Reade Rûte: Toaniel: "Meist wol wat fan my ha-ha-ha-ha". Yn dizze monolooch fertelt Anja Steegstra op humoristyske wize oer wat se te hearren krijt as oaren har te licht fine. Anja sels sit der net mei, mar oaren wol! Begrutlike blikken, goedbedoeld advys dat se mear ite moat en altyd en ivich de grap, dy’t Anja al hûnderttûzend kear heard hat: “Meist wol wat fan my ha!”. Muzyk: Folkpolitie. Omdat Folkpolitie dizze kear al foar de fyfde kear meidocht oan TTeK , hawwe de spilers harren repertoire flink fernijd. Se sjonge lieten en lietsjes yn allerhande talen, mei begelieding fan in gitaar, mar ek mei oare nuvere ynstruminten. Folkpolitie bestiet út Sien de Groot, Hinke Wolthuizen, Greetje Wiersma en gitarist, teffens lieder fan ’e groep Bauke de Groot. Mantgumer Talinten: In groep jonge Mantgumers: Niels, Jente-Sjoerd, Rutger en Jolmer spylje al wer jierren saxofoan. Mei Willem, Lukas en Sanne hawwe se sels in program makke mei koarte Fryske sjongteksten of gedichten oer saken út Mantgum yn eardere tiden. In ferrassing dus! Nei ôfrin fan it program komme wy likernôch healwei tsienen wer byinoar yn 'e Wjukken foar it neigesetsje en in ûnmisbere ferlotting. Dêrnei is der tiid genôch om ús te fermeitsjen mei muzyk fan Sounboxx en Ananazz ûnder de besieljende lieding fan Kees Romers! Beide bands spylje in set. En mei sang fan âld-Mantgumer Rebecca van Vlugt dy’t hiel graach nochris yn Mantgum sjonge wol! Kaarten bestelle: Yntree € 15,00; leden € 5,00 Sneon 1 april: 16.30 - 17.00 ynrin yn tsjerke 17.00 - start program yn tsjerke 18.00 - meiinoar ite yn 'e Wjukken. 19.15 - begjin fan it program. 21.30 - program yn De Wjukken; muzyk nei! 20 Mandeguod
23 Online Touch Home