It is mids febrewaris en de wyn is iiskâld: dochs binne we om 'e tafel al wer oan 'e gong mei it nije simmerseizoen. Ik wol jimme efkes mei nimme nei ferline simmer. Sa't jim witte binne we mei de gemeente Littenseradiel yn ûnderhanneling oer it hieren fan de wâl by de Wjukken. Fan de brêge nei Mantgumerfeart II oan de fytsbrêge by Hoxwier, fanwege de oanlis fan boaten, passantenplakken ensfh. Ek doarpsbelang hat hjir mei de gemeente oer sprutsen. Doarpsbelang wie net op de hichte fan ien en oar en siet by it oerlis mei de gemeente net hielendal op itselde spoar as de WWK. Dat hat nochal wat misferstannen opsmiten yn it gemeentehûs, ek bykomstichheden as behanneljend amtner mei pensjoen, amtner siik, nije amtner moat 'bypraat” wurde spilen hjir yn mei. Der is in selde soarte kontrakt opmakke as mei Wettersport Winsum, mar WWK hat der noch wat oanfollings by makke, needsaaklik yn ferbân mei in oare sitewaasje yn Winsum. Dat oerlis rint no en de misferstannen mei doarpsbelang Mantgum binne oersljochte. Dat sil dus wol losrinne is WWK fan betinken. Ek hoopje wy wer in iepening fan it kommende wettersportseizoen te hâlden sa as de ôfrûne 12 jier. En ek ús oare aktiviteiten sa as der binne: klearmeitsjen oanlisplakken en skjinmeitsjen, ek de trailerhelling. Wetterdjipte yn 'e fingers trochjaan oan de gemeente, baggerwurk yn 'e fingers oanpoene by de gemeente, skjinhâlden fan brûs/WC yn 'e Wjukken, himmeldei op it wetter yn en om Mantgum, Mantgumerfeart en Swette. Telapparaat op rioeloerstoart en mooglik helofitenfilters yn ferbân mei wetterfersmoarging. Publikaasjeboerd by de tiid hâlde, rekreaasje ôffal by de dyk sette, regulearje fan boaten en boatsjes sadat leden/hierders in “eigen plakje” hawwe. As jo boppesteande aktiviteiten in waarm hert ta drage noegje wy jo út om lid te wurden fan ús feriening Wiet Wetter Klub foar jierliks 15 euro. As jo jo boat oan 'e steger lizze, moatte jo lid wurde en hier betelje. Foar in lyts boatsje is dit 25 euro yn it jier en gruttere boaten (> +/- 5.50 m) 100 euro. Aktiviteiten wer't we yn de takomst mei oan de gong wolle binne swimplak, berchhaven en alles op en om it wetter sille we yn de romste sin fan it wurd noed foar stean yn it belang fan Mantgum. Wy sykje stipe fan jimme om meielkoar Mantgum noch moaier te meitsjen. Wurd lid. De skriuwer WWK Teake Oosterbos. Mandeguod 25
28 Online Touch Home