Pieter de Groot foar senioaren Littenseradiel Mei lange trêden troch de Fryske letteretún Wa’t de kranten goed folge hat, sil it opfallen wêze dat der yn it ôfrûne jier mear skreaun is oer it Frysk as yn it Frysk. Diskear wie de direkte oanlieding in ûndersyk fan in Nijmeegse heechlearaar, dat útwiist dat der hieltyd minder Frysk praat wurdt op de skoalpleinen – in teken dat hieltyd minder âlden it Frysk trochjouwe oan har bern. Yn de skoalle sels hearre, lit stean lêze dy bern ek fierstente min Frysk, want hoewol’t sûnt 1980 de Fryske les ferplichte steld is, lizze skoallen dy ferplichting o sa ferskillend út. Mei in oerke ferskesjongen wurdt faak al folstien. Deputearre Steaten stoarje har blyn op de goede foarbylden dy’t in minderheid fan trijetalige skoallen jout en dogge te min war om de grutte mearderheid fan achterbliuwers – altiten noch mear as fjouwerhûndert skoallen – by de les te krijen. De jûns fan de 22ste desimber waard der yn Ljouwert in grutte fakkeloptocht hâlden dy’t omtinken foar dy sleauwe hâlding frege en oanstie op ferbettering: it is fiif foar tolven… Fiif foar tolven is it ek foar it Fryske boek. Der is hast gjin útjouwer mear dy’t brea sjocht yn it útjaan fan Fryske boeken, of de skriuwer moat sels ta de bûse. In oplage fan in pear hûndert eksimplaren is al in te grut risiko. Guon printsje ‘on demand’ – dat wol sizze: as der fraach nei is. Mar dan moat dy fraach wol stimulearre wurde. Pieter de Groot - û.o. bekend fan syn ‘Dwerse’ stikjes yn de Leeuwarder Courant en skriuwer fan de Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dy’t him taleit op it stypjen fan Fryske literatuer – docht dat yn in foardracht, dy’t er op tongersdei 23 maart yn mfc De Helling te Winsum hâlde sil foar de senioaren fan Littenseradiel. Mei lange trêden strûst er troch de Fryske letteretún. In tún dy’t iuwenâld is en it al sûnt Gysbert Japicx faak fan skoalmasters hawwe moat dy’t him yn leafde bloeie litte. It sil dochs net sa wêze dat in kommende generaasje dy tún fertútearzje lit, sa’t ek it keatsen ferlern driget te gean om’t der gjin ûnderwizers mear binne dy’t yn it frijkertier de bern it baltsjeferdriuwen leare? De lêzing begjint om 14.00 oere. Mandeguod 53
56 Online Touch Home