59

Rely Jorritsma priis 2017 foar senioren Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand fers wurdt honorearre mei € 200,--, in winnend ferhaal mei € 800,--. Rely Jorritsma Fûns Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmet it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns. Fan Littenseradfiel nei Ljouwert Dat is dit jier foar de lêste kear, no’t Littenseradiel ophâldt te bestean. Mar de Rely Jorritsma-priis giet troch. Mei yngong fan 2018 wurdt de organisaasje oernommen troch de gemeente Ljouwert. Want Ljouwert is troch de weryndieling de nije gemeente fan Jellum, it berteplak fan Rely Jorritsma. Wat binne de spulregels foar de Rely Jorritsma-priis? Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. - Jo ferhaal of gedicht moat skreaun wurde yn Word. - Stjoer jo ferhaal of gedicht as bylage yn fia e-mail, nei i.algra@littenseradiel.nl - Set yn de e-mail ek jo namme, adres, wenplak en tillefoannûmer. - Dizze personalia bliuwe geheim, jo ferhaal of gedicht wurdt anonym nei de sjueryleden stjoerd. Allinnich de nammen fan dyjingen dy’t in priis winne wurde bekend makke. - Jo wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien ha, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze; - Net mear as ien gedicht en/of ien ferhaal ynstjoere; - De bydrage moat fóár 1 maaie 2017 ynstjoerd wêze; - Jo bydrage wurdt net weromstjoerd; - Oer de útslach kin net korrespondearre wurde. Ynstjoeren bydragen Wa’t meidwaan wol oan de Rely Jorritsma-priis moat syn of har bydrage fóár 1 maaie 2017 ynstjoere fia e-mail nei: i.algra@littenseradiel.nl De sjuery De ynstjoeringen wurde beoardield troch in ûnôfhinklike sjuery. Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei Iris Algra-Kalee, i.algra@littenseradiel.nl of (0515) 33 44 66, of de ôfdieling kommunikaasje, communicatie@littenseradiel.nl of (0515) 33 44 44. Mandeguod 57

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication