61

Rely Jorritsma priis 2017 foar junioren Bisto tusken de 12 en 18 en kinsto moaie Fryske ferhalen, gedichten of songteksten skriuwe? Doch dan mei oan de Junior Rely! De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. Wat binne de spulregels foar de Junior Rely? - Skriuw in ferhaal of in gedicht of songtekst yn it Frysk fan maksimaal 2000 wurden. Do hast alle frijheid foar dyn ûnderwerp; it mei bygelyks ek in toaniel- of deiboekfragmint wêze, sciencefiction of horror, mar hoechst de humor net te ferjitten! Fansels hast de tekst hielendal sels betocht en skreaun. - Ek al hast miskien mear teksten dy’t de muoite wurdich binne, meist mar ien tekst opstjoere; - Dyn tekst mei net op ynternet stien ha, op in blog set wêze, yn de skoalkrante stien ha, earne foardroegen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze; - Wolst fansels graach dat dyn tekst der op alle fronten útkipet, mar ferjit net: it giet de sjuery net om de foto-eftergrûn of it knip- en plakwurk om dyn tekst hinne. De Junior Rely is in skriuwkriich en net in foarmjouwerskompetysje; - Skriuw dyn ferhaal, gedicht of songtekst yn Word, en stjoer as bylage yn fia e-mail, nei i.algra@littenseradiel.nl; - Set yn dyn e-mail ek dyn persoanlike gegevens (namme, adres, wenplak, bertedatum en tillefoannûmer); - De sjuery mei net witte wa’t de tekst skreaun hat – dyn tekst wurdt anonym nei de sjueryleden stjoerd. - Do moast tusken de 12 en 18 jier wêze; - Ast al twa kear in priis wûn hast mei de Junior Rely, meist net mear meidwaan. Wat kin der wûn wurde? By de Junior Rely is it prizejild yn totaal € 500,--. Ynstjoeren bydragen Wa’t meidwaan wol oan de Junior Rely moat syn of har bydrage fóár 1 maaie 2017 ynstjoere fia e-mail nei: i.algra@littenseradiel.nl. De bydragen wurde beoardield troch in ûnôfhinklike sjuery. Mear ynformaasje Mear ynformaasje kinst krije by Iris Algra-Kalee, tillefoan: (0515) 334466 of e-mail: i.algra@littenseradiel.nl. Mandeguod 59

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication