46

Tusken Tsjerke en Kroech 7 2018 - sneon 7 april Foar de sânde edysje fan "Tusken Tsjerke en Kroech" hawwe wy it program wer klear! Jimme kinne in kar meitsje út trije rûtes mei njoggen ferskillende ûnderdielen, dizze formule folgje wy no al jierren en dy foldocht ús en de besikers tige. It is elk jier wer spannend oft wy út eigen doarp ek wer minsken fine kinne dy't mei ús de ûnderdielen fulle kinne en wolle en ek dit jier is ús dat slagge; mear as de helte fan'e ûnderdielen wurdt fuld mei doarpsgenoaten en sa heart it winliken ek, wy binne fan oarsprong no ienkear in toanielferiening út Mantgum. Sa hawwe wy trije rûtes opsteld, mei yn eltse rûte in seker ferskaat, toaniel, muzyk, ferhalen, poppen, folle net genôch. En fansels begjinne wy om 17.00 oere yn'e tsjerke, mei in ferrassingsprogram, folge troch in miel iten yn'e Wjukken. Dêrnei, likernôch om sân oere, geane wy op'en paad yn trije skiften, jimme kinne sels útsykje: De Griene Rûte: 1. Poppespiler Haye Bylstra is al jierren dwaande mei marionetten, mar wurket ek mei oare foarmen; foar dizze jûn komt er mei in papieren húskeamertheater, in benammen yn'e 19de iuw populêre foarm om in ferhaal te spyljen. Hy bringt foar ús it ferhaal fan De Ûndergong fan'e Aldehou! 2. De Mantgumer Maten: ús eigen doarps-shantykoar mei in repertoire dat ús grif fertroud is. 3. Dayna, Lucinda, Grietsje en Hans: "De fleurige dûmny Van Rijn hat altiten in harkjend ear foar de minsken yn syn kudde. Koartsein, in èchte dûmny. Syn tsjinsten binne, tanksij syn frou en de liedster fan'e snein-skoalle altiten fijne tsjinsten, oant de jonge Sjoerdsje yn tsjerke ferskynt.. De Reade Rûte: Douwe Kootstra 1. is yn Fryslân ferneamd wurden as skriuwer fan reisferhalen, mar ek as ferhale ferteller. Syn lêste boek, "De wiete poes", wie foar Fryske begrippen in bestseller. Jûn wit er jim grif ek wol te boeien. 2. Folkpolitie: docht al wer foar de sechsde kear mei oan TTeK. Se sjonge lieten en lietsjes yn allerhande talen, mei begelieding fan in gitaar, mar ek mei 44 Mandeguod

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication