april 2022 5 As redaksje besykje wy dêrom ek altyd de positive kanten fan ús doarp foar it ljocht te heljen. Want mei positiviteit en respekt foar in oar komme je noch altyd it fierste. Dat de redaksjeleden ek elk harren eigen ‘netwurk’ ha, hat wiswier in foardiel. Sa komme we oan safolle mooglik ‘input’ foar in nijsgjirrige Mandeguod dy’t nei’t wy hoopje ek safolle mooglik rjocht docht oan it ferskaat oan minsken hjir yn ús doarp. Miskien ha jo lykwols yn de kolofon wol opmurken dat de redaksje in bytsje krompen is: Schelte de Jong koe de aktiviteiten foar de Mandeguod net goed kombinearje mei syn stúdzje en syn wurk. Wy tankje him foar syn ynset, en winskje him alle goeds foar de takomst. En mei de winsk dat tsjin de tiid dat it folgjende Mandeguod-nûmer útkomt de wrâld der yndie wer hoopfol útsjocht, slút ik dizze “Prakkesaasjes” ôf. Lys Scarse Kopij inleveren uiterlijk de 14de van elke maand mandeguod@gmail.com www.mantgum.com Omslagfoto Robert van den Bergh
6 Online Touch Home