60

60 Mandeguod Brandsma wie rekke troch myn speech en as tank makke hy dat bernemofke foar my. Oaren hingje it yn ’e auto, mar ik ha gjin auto. Dus hinget it hjirre. At Marije, de dochter fan Johannes van Dijk, in bern krijt, dan krijt dat jonkje of famke it. Doe ‘t ik dat tsjin Brandsma sei hie hy de triennen yn ’e eagen. Ik ek trouwens, ik fûn ‘t sa’n moai gebaar fan De Brand. Libbenslang haw ik skreaun. Reportaazjes, ynterviews, boekjes en no koarte kollums. In libben sûnder skriuwen kin ‘k my net yntinke. Myn earste baan as sjoernalist wie by de Friese Koerier, dy‘t letter opslokt is troch de Ljouwerter Krante. Letter haw ik altyd mei in heel soad plesier wurke by Tûmba, it antydiskriminaasjeburo. Mar dy earste baan, miskien wie dat dochs de moaiste. Dêrom hinget sa’n boerd by my yn ’e keamer, dat froeger oan ‘e muorre hong by minsken dy ‘t de krante rûnbrochten. In geel boerd mei “Agentschap Dagblad Friese Koerier.” Der hinget ek in âlde learen rêchtas. Folslein ferinnewearre. Mar lear wurdt yn ’e rin fan ’e tiid allinne mar moaier. It is in prachtige tas, ik ha ‘m fan Mint krigen. Nei hoefolle fergaderingen ik net west ha, mei dy tas. Doe ‘t er hast útelkoar foel ha ‘k noch by sa’n fakman west dy ‘t lear reparearret. Mar hy skodde syn holle, der wie gjin begjinnen oan. Dêrom hinget er hjirre. Hat mei respekt foar materiaal te krijen. Dan hinget der de perskaart fan it proses tsjin Wilders, oan in bân dy’tst om ’e hals hiest. In button fan de herferkiezings fan Obama ha ‘k deroan prikt. En in hippykettinkje fan in overleden nichtsje, in pakesizzer fan Willem Jellema, oait kroechbaas hjir yn Mantgum. Myn earste perskaart, út 1969. God, wat wie ik dêr grutsk op! In foto fan Bonne, libbenslang myn bêste freon. Ien fan myn moaiste kollumkes, oer de dea fan Peter R. de Vries. Twa kleurrike fûgelfearen ha ´k ek oan dy bân prikt, dy fûn ik yn myn brievebus doe ‘t ik hjir te wenjen kaam. Dat fielde as: Wolkom! Ik haw ek in reproduksje op canvas fan dat ferneamde skilderij fan Banksy yn ’e hûs. In jonge – type hooligan – dy‘t net mei stiennen mar mei blommen goait. “It koe wol in keatser wêze,” sei Bonne. Banksy ynspirearret my. Mei myn kollums besykje ik dat ek: net te faak oer negative dingen skriuwe, mar it positive de wrâld ynsmite.

61 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication