73

april 2022 73 Makkers en betinkers fan dit moaie projekt binne Janneke de Haan (fan Drachtster Kompenije) en Willy van Assen (fan Weidum). Yn 2019 wienen hja dwaande mei it projekt Molke 2.0 oer de kloof tusken boer en boarger of better... hoe kinne we dy kloof fuortkrije? Hja hienen mei Molke 2.0 blinddates tusken boeren en boargers en mei it materiaal dêrfan hienen sy in snelkookpanwykein. Mei Peter Sijbenga en Karel Hermans en in 10tal amateurspilers makken sy yn in wykein in stik mei teater, dûns en muzyk. De Molkwei heart hjir eins by. Doe’t Willy juf wie, makke sy faak mei dat beukers (of âldere bern) net wisten wer’t de molke wei kaam of wat foar bist der yn it lân rûn. ‘Onbekend maakt onbemind.’ Om dat te feroarjen moatte bern belibje wer’t de molke wei komt en wat foar paad it ôflizze moat foardat de molke yn de beker sit, fine Janneke en Willy. Mei De Molkwei dogge hja dêr in poging ta. Willy en Janneke ha earst in wike repetearre by Tryater (Tryater stipet harren foarstelling op ferskillende gebieten) en dêrnei repetearren hja noch 2,5 wike by Tjalling, Nina, Jelle en Harm. Janneke regissearret de foarstelling, Willy dûnset en spilet. Fynst it leuk om alfêst wat te sjen? Folgje dan de facebook fan Stifting De Beweging (of de instagram) www.facebook.com/stichtingdebeweging www.instagram.com/stichtingdebeweging/

74 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication