18

‘Legal Science Fiction’ De Aula fan it Grinzer Universiteitsgebou: in ûnbidich grutte kroanluchter, prachtige antike taferielen op de achtermuorre, gerdinen fan sa’n 8 meter heech, oan wjerskanten mear as 20 professors elk mei in kreas swart klotske op, in seal fol minsken en yn it midden fan dit alles: Nynke. Nynke Elske Vellinga. Altyd like beskieden, altyd like fleurich, altyd tige ynnimmend, mar ek altyd: it doel dat hja foar eagen hat wol se ek berikke. En dat die bliken op dy 20ste febrewaris yn it Grinzer Akademygebou: hja promovearre! De titel fan har proefskrift: ‘Legal Aspects of Automated Driving. On Drivers, Producers, and Public Authorities’. Koartsein: selsridende auto’s en wat bart der as der wat mis giet? Nynke komt út in ‘juridysk nêst’: heit Wim en mem Feikje binne beide jurist. Wylst sus Namkje de medisinewrâld yn gien is, keas Nynke foar in rjochtenstúdzje. Wat wol hiel spesjaal is: no binne se alle fjouwer promovearre! Mar hoe komme je eins by sa’n ûnderwerp as selsridende auto’s? “Hiel simpel, ús heit brocht my faak earne hinne yn de auto, mar dan siet ik te tinken dat er sa in soad tiid kwyt wie oan it auroriden, wylst er yn dy tiid net wat oars dwaan koe. Hied er in auto hân dy’t my sels earne hinne bringe koe, dan hie hy moai wat oars dwaan kind yn dy tiid.” Dat nei har rjochtenstúdzje skreaun Nynke (as ko-auteur) al mei oan in rapport foar it destiidske Ministearje van Ynfrastruktuer en Miljeu oer selsridende auto’s. Har skripsje foar de masterstúdzje hie it selde ûnderwerp. No tinke sommige minsken dat selsridende auto’s fia in soarte fan magneetstrip yn de dyk ride moatte. Neat dêr fan! In selsridende auto stiet gewoan stiiffol sensoaren en kamera’s en oare technyske keunststikjes. Boppe op sa’n auto sit in boltsje, in LIDAR (laser imaging detection and ranging) en yn wêzen wurdt dêrwei alles regele. It is eins MANDEGUOD 16

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication