in radar sa as flearmûzen it ha: sa wurdt útrekkene ofst ynhelje kinst, der wurdt útrekkene oft der noch mear op ‘e dyk rydt, fytst of rint, der wurdt ynskatten oft der in bern of in hûn op ‘e dyk rint, stiet it stopljocht op grien dan hâldt dat noch net yn datst sûnder mear trochride kinst, fytsers dy’t yn it tsjuster sûnder ljocht fytse wurde opmurken, en gean sa mar troch. Mei tank oan al dy elektroanika, software, kamera’s, sensoaren en folle net genôch. Kin neat mear misgean soene je sizze. Wel... In pear jier lyn waard sa’n selsridende auto test yn Arizona. Se hiene wol in frommeske achter it stjoer set om op te letten. Mar ja, hoe giet dat, je hoege neat te dwaan, dus je pakke je mobyltsje der by… En ja hear, in fystster stuts samar oer. De testauto koe net út de rie komme oft dat no in fytser of in fuotgonger wie en naam gjin beslút. Mei fatale gefolgen foar de fytster – dy oerlibbe it net… No, soene je sizze, útgeand fan je boereferstân: de skuld fan dat frommeske achter it stjoer fansels, hie se mar net mei har mobyltsje yn ‘e wear wêze moatten. Mar juridysk sjoen is de autofabrikant skuldich – dy hie bettere apparatuer yn de auto sette moatten! In protte autofabrikanten binne uteraard ek tige nijsgjirrich nei de juridyske aspekten dy’t oan dit ûnderwerp fêst sitte. Nynke hat har op heech nivo dwaande holden mei sokke kwestjes: wa is yn kwestjes oer de skuldfraach de bestjoerder fan in selsridende auto: de persoan dy’t eventueel achter it stjoer sit of de fabrikant dy’t in selsridende auto ôfleveret? Wel, de lêste is wierskynlik it bokje! De bestjoerder fan in auto hoecht ek net perfoarst achter it stjoer te sitten – dy persoan hoecht sels net iens yn dy auto te sitten. In bestjoerder soe ek earne op kantoar of thús sitte kinne om de boel dêr wei yn ‘e gaten te hâlMANDEGUOD 17
20 Online Touch Home