20

den. As de bestjoerder de kop der mar by hâldt en yngrypt as it nedich is. Yn wêzen regelet de software yn kombinaasje mei alle technyk de ôfstân mei oare auto’s, past de snelheid oan oan wat tastien is, merkt dy fytser sûnder ljocht op, reagearret yn it tsjuster earder as in minske op ferkear op ‘e dyk as je ferbline wurde troch de skelle ljochten fan in tsjinlizzer, en gean sa mar troch. Yn prinsipe kin der ek neat mis gean. De autoprodusint hat alles ommers sa goed mooglik ‘ticht timmere’. Soene de gleskes fan de sensoaren of de kamera’s smoarch wêze sadat der net mear goed útsicht is, dan moat de produsint it sa ynstelle datst dan de auto net iens mear starte kinst. Of stel datst de lêste updates fan de software net ynstallearre hast… Of stel dat de software hacked wurdt… Yn alle gefallen moat de produsint fan de selsridende auto dêr wat op útfûn ha. Ien fan de professoaren murk hiel treffend op: “Nynke, I call this legal science fiction!” De sinyske lêzer sil miskien ek tinke: “Mei mysels achter it autostjoer komt it fêst better as mei sa’n selsridende auto. Ik meitsje gjin ûngemakken, want ik sjoch wol goed út.” Spitigernôch is de wrede werklikheid dat sa’n 90% fan alle ferkearsûngemakken troch minsklike missers barre. En al docht út de praktyk bliken dat selsridende auto’s ek ferkearde ynskattings meitsje kinne, wittenskippers binne der fan oertsjûge dat der mei selsridende auto’s oer it generaal minder ûngemakken wêze sille. Der is ek al in lyts praktykfoarbyld: yn Scheemda yn Grinslân rydt in selsridend buske de minsken fan it sikehûs nei de bushalte. Der rydt noch immen as ‘bestjoerder’ yn it buske mei, omdat de measte passazjiers it lang net fertrouden. Mar it is úteinlik de bedoeling dat it buske yn de takomst sûnder ‘bestjoerder’ hinne en wer rydt tusken it sikehûs en de bushalte. Ta folle tefredenheid fan de passazjiers èn sûnder ûngemakken fansels... MANDEGUOD 18

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication