43

acht toneelstukjes op. Na afloop mocht iedereen zijn kerstbord mee naar huis nemen. Al met al was het een geslaagde ochtend, mede dankzij de hulp van verschillende ouders en de tafels die de Wjukken beschikbaar stelde. Bedankt! Vooruitzicht Nu wij de donkere maanden achter ons laten, heeft de oudercommissie nog twee belangrijke evenementen in petto. Zo organiseren wij op 24 mei de garagesale. Meer praktische informatie over die dag vindt u elders in deze Mandeguod. En op 19 juni is er net als vorig jaar een pleinfeest; hierover later meer. Voor nu wensen wij u een fijne lente! Tritich jier BIS Dit jier komt BIS (BerneIepenloftSpul te Easterwierrum) mei de 30e foarstelling! Der sille krapoan 30 bern meispylje yn ‘Troch de Raarder Bosk’. Kinne jim dy útdrukking, “efkes troch de Raarder Bosk moatte”? As je earne benaud foar binne, gjin sin oan ha, as je net doare, koartsein, as je earne tsjinoan skytskoarje, dan moat je efkes troch de Raarder Bosk. Dat jildt dus ek foar Hans, dy audysje dwaan sil foar it Berneiepenloftspul. Syn mem is o sa entûsjast, want dy hat yn 1999 ommers sels noch meidien. Mar Hans skytskoarret der in bytsje tsjinoan… ‘Troch de Raerder Bosk’ is basearre op de Amerikaanske musical “Into the Woods”, dy't al sûnt 1986 oeral yn 'e wrâld opfierd wurdt en in pear jier lyn suksesfol ferfilme is. It giet oer mearkes (sprookjes) mar dan oars as oars. En BIS soe BIS net wêze at der net in hiele eigen draai oan jûn wurdt. De bern dy’t meidogge komme út groep 7 en 8 fan de skoallen út âld Littenseradiel (op in útsûndering nei). Se moatte troch twa audysjerondes en binne no sûnt febrewaris oan it rippetearjen yn Easterwierrum. It buorrelet en it brûzet wer yn Easterwierrum en omkriten! It is in feestlik stik foar in feestlik barren: it tritichste Berneiepenloftspul. Dat wolst net misse! De útfierings binne fan 18 o/m 27 juny en de kaartferkeap start yn maaie. Foar ynfo: www.berneiepenloftspul.nl Trije Mantgumer famkes spylje mei yn it Berneiepenloftspul, en dy litte yn in folgjende Mandeguod witte hoe moai it is om mei te dwaan! MANDEGUOD 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication