Wy ha ús dream dien foar: Doch Dyn Dream Dat wat 2 jier lyn nei de “Hassie Bassie rintocht” yn ’e tún fan Wytske en Skelte, as in gekheidsje begûn is, is wurklikheid wurden. “Jimme kinne helpe mei bouwen yn Matunda, mar dan moat der wol jild komme”, sei Wytske. Sadwaande binne der allegearre aksjes betocht en it behelle bedrach wie oerweldigjend. Hjirby tige tank foar elkenien dy’t de Stichting, ús en berntsjes dêrby holpen hat. No moasten wy ek wol gean, en dat ha wy dien. Mei ús achten en fansels Wytske en Skelte, is alles yn kannen en kruken setten. Ek ha d’r meardere minsken “back stage” meiholpen, mar doe’t it safier wie, moasten wy sels de leie oernimme. Elkenien woe ús fan alles meijaan, sadat ús bagaazje krekt ûnder de limyt siet. André syn broer hat ús nei Schiphol brocht en om 20.30 seagen wy de ljochtsjes fan Amsterdam ûnder ús. Om 6.30 dêr, binne wy delstrutsen yn Nairobi en moasten wy wachtsje om oer te stappen foar in ynlânske flecht fan 1 oere nei Eldoret. De noflike waarmte fan 22° fielde fuort goed. Rûn 13.00 kamen wy sûnder swierrichheden yn Eldoret oan. Al moasten wy no yn in âlde Fokker dy’t wat minder noflik fleach as wy oant no ta wend wiene. Doe waarden wy hiel waarm ferwolkomme troch Pamela, Francis en harren 2 dochters, Pinniey en Perro. Krekt as koene wy mekoar al hiel lang, sa goed fielde it. En al gau makken wy kennis mei it kultuerferskil, omdat sy fan tinken wiene dat 13 minsken mei alle bagaazje yn 1 buske koene en Adelma daliks al sei: “dit wurdt neat”. En dus nei in healoere besykjen waard dochs besletten om in 2e buske te regeljen. Wy krigen fuort in yndruk fan Kenia, doe’t wy troch de stêd rieden. Oeral minsken, brommers, buskes, karren, kij, fytsen: wat in drokte. De eardere president Moi hie syn begraffenis en dêr waard wol in hiel protte oandacht oan bestege. Yn elke winkel, restauMANDEGUOD 42
45 Online Touch Home