13

DE SINNEBLOM EASTERWIERRUM EN OMSTREKEN Sneon 7 maart, hie de Sinneblom, mei soarchsintrum “Nij Dekama” yn Weidum, in noflike middei foar de âlderen organisearre Tusken 14.00 en 14.30 oere, waarden wy wolkom hjitten mei tee en kofje, en dêrby sels bakte koeke en keek. Nei’t de foarsitter de middei iepene hie, en it shanty- en willekoar “de Blierbekjes” út Winsum te plak stie, gie it oan. Mei foar it skoft Fryske, Nederlânske en inkelde bûtenlânske lieten, besoargen sy ús in prachtige middei. Sy songen mei ús út de seal wei ek noch yn kanon “hjoed sille wy de jouwer slaan” en it klonk ek noch goed! Tidens it skoft mei lekkere hapkes en fansels in ferlotting, koene wy fierder ús sosjale kontakten moai efkes op helje. It twadde optreden fan “de Blierbekjes” wie hast noch moaier. Mei in pear lústerlieten en sels ien a capella, wêr’t wy tige fan genietsje koene! Mei It lêste liet “hoog is de zolder, laag is de vloer” koene wy, om de spieren wat losser te meitsjen, mei bewege. Neffens de dirigente, hiene wy doe wol in glêske en in waarm hapke ferstjinne. It wie in fijne middei! Bestjoer en frijwilligers: Tige tank út namme fan alle gasten. Willem en Jitske Agema, Mantgum de Blierbekjes” út Winsum april 2015 Mandeguod 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication