Oprjochting feriening Wietwetterklup Op tiisdei 28 april om 20.00 oere sille wy in oprjochtingsfergadering belizze. Wy wolle as wwk graach dat elkenien dy't wat mei wetter as farren hat, of as gewoan belangstellend is op dizze jûn efkes oanrint. Ek de jongeren ûnder ús doarpsgenoaten binne spesjaal wolkom. Wa't de jeugd hat hat de takomst. It wurk dat we fan de gearstalling yn 2004 ôf dien hawwe moat net ophâlde! De earste oenlieding foar in feriening is in lisplakferoardening. It is ús as aksjegroep wwk, ressortearjend ûnder doarpsbelang net slagge dy feroardening fan 'e grûn te krijen. Fan dêr dat we it no as feriening besykje wolle. Wat ús wol slagge is, efkes oanjaan wat der dien is: Middelseerûte tappeal / wettertappunt behoefte fan berging boat In oerstoart teller by de oerstoart fan de riolearing by it spoargat troch de gemeente yn gearwurking mei it wetterskip * jierliks Skûtsje yn desimber moai ferljochte Iepening fan it wettersportseizoen elk jier wer wat oars: knobbeltocht op it wetter, skoallebern klompfarre. Candlelight yn boaten. Yn gearwurking mei skoalle en doarpsbelang: Himmeldei Lisplakjilden ynbarre en tafersjoch oanfarrinsbalken ûnder de Mantgumersyl om te bouwen ta in oanfarringsskot Dit jier is op knyppunten (ûndjipten) baggere en de Mantgumerfeart is no wer op djipte Aksjepunt wer't we mei oan 'e gong binne: De fingers fan de wetters yn de nijbou wurde jierliks 4 sintimeter ûndjipper. Dit moat troch oanwenjenden en de WWK oankaarten wurde by de gemeente. Inkele opfearten binne no noch mar 80 sintimeter djip. Dizze hiele opsomming makket dúdlik dat der noch hiel wat barre moat, dit hâldt net op as jimme as belanghawwenden, farders, swimmers, wettersporters, fiskers delkomme op ús fergadering fan 28 april jûns om acht oere yn de Wjukken. Wy hoopje jim te treffen! De WWK skriuwer, Teake Oosterbos april 2015 Mandeguod 43
46 Online Touch Home