skrale wyn út it easten wiene it moarns betiid soms drege ritjes. Broer Hink stie stabiler op it iis as myn persoan. Ik hie in soad lêst fan skuorren yn it iis en Hink dy fleach mar raak. Soms lei der in soad snie. Ien winter hawwe wy mei makke, dat alle sleatten fol leine mei snie. Dy snie wie hurd fêrzen. Wy koenen wiken lang skean oer nei skoalle ta. Gjin greppels gjin sleatten it wie ien wite flakte. Wy wisten doe fan gjin skyen, oars wiene wy grif op skys nei skoalle ta gien. De Snitserfeart wie muoisum te beriden troch sniebroei. Dy broei wie gefaarlik. Dat hat Raerd witten. It lytse famke Aly Boersma boarte op ‘e snie op de Aldfeart en is troch de broeisnie sakke en ferdronken. In ramp trof Raerd. Aly wie in kammeraatske fan myn suske Sjoerdtsje. Yn ien kear wie de moaie winterwille oer. It wie begjin Maart noch allegearre snie en doe, yn in pear dagen tiid wie de measte snie fuort. It lân kaam grien ûnder de snei wei. Wy moasten wenne oan it begjin fan in nije maitiid. In maitiid sûnder lytse Aly. Yn it begjin fan de oarloch feroare der by ús net sa folle. Stadichoan kamen dy feroaringen wol. Alle nachten wienen der fleanmesines yn ‘e loft. De fleantugen goaiden alumium lintsjes út harren tastellen. It lei somtiden besaaid op it lân. Earst wisten wy net wat dat ynhâlde. Letter sei men dat it in soarte fan radar wie. De gefolgen fan dy lintsjes soe wêze kinne, dat de piloaten it paad bjuster rekken. De petroalje en bensine waarden earst krap. Yn it bûthús hienen wy petroalje lampen. Sûnder petroalje gjin ljocht. Der kamen karbidlampen yn’e hannel en dy krigen wy ek. Wy hienen wer wat ljocht mar it wie wol in hiel gesoademiter mei dy dingen. Jûns en moarns moast der nije karbid yn. De âlde karbidbrij moast dus twa kear deis út de lampen helle wurde en de pitten moasten gauris trochstutsen wurde. Mei it wetterkraantsje op sa’n lampe moast men de wetterdrip regelje. Tefolle wetter dan fersûpte de karbid. Te min wetter, in skiterich ljochtsje. It wie gauris myn putsje om te soargjen dat der oeral wat ljocht yn ‘e pleats wie. Der siet noch al wat tiid yn om alles wat yn it ljocht te krijen en te hâlden. Men moat wol betinke dat wy gjin elektrysk hiene en dat dizze sitewaasje de hiele oarloch duorre. Men stonk de hiele dei sa’ n bytsje nei karbid. tenei mear Mandeguod 15
18 Online Touch Home