Witte jim .... dat? Alle tongersdeitejûnen 14 minsken harren bêst dogge om de Fryske stavering te learen? Hast de folsleine redaksje fan de Mandeguod hjir oan mei docht? De kursisten sa no en dan it swit op ’e kop hawwe? Dat foaral bart as se in diktee meitsje moatte? Sy dy diktees wol hiel aardich fine? Dy diktees skreaun wurde troch Hette van der Wal? Dêr allegearre wurden ynsteane dy’t yn de les behannele binne? Diktee Hette: Gaatske rûn yn in reade koarte broek en in giel blûske oer de keale dunen yn Appelskea. Under it kuierjen waard it wat kâlder en krige se it pikefel op ’e lea. Dêrom pakte se har sjammeloek, dy’t sy tafallich by har hie, út har rêchtas en sloech dy gau om har hinne. Nei in lyts kertier waard it har al wat nofliker oer de lea en joech sy har yn ’e lijte ûnder in beam yn it waarme sân del. Wat hearlik wie it hjirre, en wat floiten de fûgels moaie deuntsjes, it like wol in mearke. Sy dreamde stadichoan fuort en foel yn in djippe sliep, dat wie fansels net de bedoeling. Nei in goed oere skrok se wekker en gie as de wjerljocht op nei har auto ta. Fergeemje, se hie fergetten boaterhamwoarst, reade koal en toskboarstelersguod te heljen. By it ôfrekkenjen koe se har beurs net fine en krige se fan de spanning it swit op ’e kop. “Gaatske, Gaatske. Wekker wurde”, rôp har man, do dwylst, do dreamst! Witte jim .... dat? Oud papier Het oud papier in Mantgum in de maanden april en mei niet op donderdag, maar op woensdag wordt opgehaald? Dit komt omdat de laatste donderdagen in april en mei feestdagen zijn. Daarom wordt in april het oud papier opgehaald op woensdag 26 april. (27 april is Koningsdag.) In mei wordt het oud papier opgehaald op woensdag 24 mei. (25 mei is Hemelvaartsdag.) Roelf Vogelzang, namens de oudercommissie van de Gielguorde Tel. 058-2502045 Mandeguod 35
42 Online Touch Home