15

Nieuws uit de Mariakerk Tsjerkehimmeljen Op 9 en 10 maart binne wy mei in ploechje frijwilligers dwaande west om de tsjerke wer in opknapbeurt te jaan. Nei it rom twa wiken yntinsyf brûken fan de tsjerke wie der yn earste ynstânsje noch hiel wat op te romjen. It wie somtiden sels in poepetoer om alle spul wer werom te finen, Foar de útfierings wie de tsjerke hielendal rom makke en op alle souders wie it hinne brocht. Op freedtemoarn hiene wy meielkoar al in fiks part fan it ikehout yn de bijewas setten en fansels ek wer útwreaun. Sa koene wy sneontemoarn dien wurk meitsje mei it houtwurk en koe ek de keuken ûnder de toer ûnder hannen naam wurde. Wat noch oerbleaun is: de toer moet fan boppen nei ûnderen noch skjinfage wurde. Dit sille we mar net earder dwaan neidat de jonge ka's útflein binne. Allyk sa mei de toer op Skillaerd. Wy binne bliid mei ús frijwilligers dy't ree binne om de hannen in pear oeren út de mouwen te stekken.Tige tank foar jim stipe. De tsjerke wurdt wat langer wat mear ek brûkt foar oare aktiviteiten, net allinne mear foar de preek op sneintemoarn. De man dy't hout dûnsje liet is hjir in foarbyld fan. Mar ek by oare gelegenheden wurdt de tsjerke (hast altyd fergees) geregeld brûkt. Sa lang as de Wjukken en it Kafee hjir gjin konkurrinsje fan ûnderfine is dit fansels prima. De tsjerke wol iepen yn de mienskip stean. Wat soe it lykwols op priis steld wurde as fan de kant fan dy brûkers fan de tsjerke ek ris in pear minsken op de himmeldagen meihelpe soene. De data foar it himmeljen wurde altyd yn Mandeguod oankundige. Om ôf te sluten mei in pear moade wurden: Dan is wier sprake fan in win-win sitewaasje en kinne we sprekke fan echte mienskip. De koster. (mei in lytse k) P.S. Mantgum en de tsjerke yn it bysûnder binne mei it projekt “Under de toer” flink op de kaart set. Dit hat û.o. laat ta oanfragen foar rûnliedingen fan groepen út Coevorden, Amsterdam, Nunspeet en Akkrum. Mandeguod 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication