39

TUSKEN TSJERKE EN KROECH 7 - 2018 Nei alle drokte om "De man dy't hout dûnsje liet" komt it folgjende kulturele barren yn Mantgum der ek al wer oan, ús kulturele kuier troch it doarp, op 7 april. oer in pear dagen dus! De kaartferkeap rûn prima, mar der binne noch altiten wol wat kaarten te besetten, wachtsje lykwols net te lang, want fuort is fuort. Dat jilde ek foar ús peaske-aaikeaksje, jimme hawwe ús prima ôfholpen fan fjouwerhûndert pûdsjes mei aaikes, tige tank dêrfoar! Dat jildt trouwens ek foar de frijwilligers dy't ús dêrby holpen hawwe: tank! Jimme hawwe yn it maartnûmer fan Mandeguod it folsleine programma foar 7 april sjen kinnen, it bestjoer is like benijd nei de foarstellings as jimme; wy krigen in pear foto's fan spilers tastjoerd om in yndruk te jaan fan de foarstellings. Net dat se ús in protte dúdliker makken, hear, mar se binne te aardich om wei, se meitsje allinne mar nijsgjirriger.. Oant sneon de 7 april! It bestjoer fan Frisia1874 `Nije Buorlju` De foarstelling fan Jehannes Arends ropt wol fragen op fansels Mandeguod 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication