11

Bram Brouwer ferlit de redaksje In jier of fiif hat Bram Brouwer haadredakteur west fan de Mandeguod. Hy hat no lykwols oanjûn dat hy dizze funksje dellizze wol en dat hy ophâldt mei syn wurk yn de redaksje. Wy sizze him tank foar syn ynbring al dy jierren en winskje him súkses mei syn grutte passy: it skriuwen fan boeken. De redaksje In fitaal berop !? Nee, ik bin gjin dokter, ferpleechster as fersoarchster. Dat soe ik yn gewoane tiden al net kinne, lit stean no! Grut respekt foar al dizze echt fitale minsken! Mar ik kaam der al achter dat ik ek yn in fitale sektor wurkje. Minsken moatte iten ha, en dêrom fuorje en melke de mannen by ús gewoan troch, en gean ik “gewoan” nei Van Smaak yn Drachten. Op myn buro dêr komme (ûnder mear) alle menulisten dy’t de minsken thús ynfold ha, en as ik jûns wer nei Hoxwier ryd, witte we fan al dy minsken wat se ite wolle, oft it waarm brocht wurde moat of koelfarsk, at we der foar ynkeapje moatte, en hoefolle koks, keukenhelpen, poarsjenearders en besoargers we ynplanne moatte. Fansels bin wy by Smaak bliid mei nije klanten. Mar no efkes net. Want no betsjut it dat in hiel soad âlderen en minsken mei in beheining net mear ite yn de deiopfang of it restaurant fan it hûs, mar allinne op harren keamer. No betsjut it dat de famylje net mear helpe kin mei iten en boadskippen. No betsjut it dat minsken net nei de winkel doarre as kinne. En dat fielt dan dochs oars. Mar dochs ek in goed gefoel: dat je je wurk dwaan kinne, dat minsken dêr wat oan ha en dat fan 1 maaie ôf ek de Patyna-klanten yn Mantgum en omkriten it iten fan ús krije kinne. Dat it jim smeitsje mei! Mieke Peenstra, Mantgum MANDEGUOD 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication