Een nieuwe Rubriek Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Elk sit al wiken yn ‘e hûs en miskien sjochst no ek wer ris wat wat faker nei wat der by jimme oan ‘e muorre hinget. Dat prachtige skilderij, dy geweldige tekening dy’t dyn bern of it buorjonkje ris makke ha, dat moaie wandkleed, dy âlde gitaar út 19safolle of dy letterlape dy’t oerbeppe Klaske iuwen lyn borduerd hat? Wat der ek oan ‘e muorre hinget, hast fêst ien ding dêr’t in bysûnder ferhaal oan fêst sit. En it is miskien bêst aardich om dat ris fan inoar te hearen. Dêrom wolle we foar de kommende tiid in rubrykje opsette mei aardige ferhalen oer dat iene skilderij of dat spesjale wandkleed of wat dan ek mar. Beskriuw no net dy Van Gogh dy’t by jimme boppe de bank hinget, want oars hast dy gasten dy’t lêsten ek by it Singer-museum yn Laren op besite kamen by dy oan de achterdoar te ratteljen (de Mandeguod komt nammentlik op ynternet fia mantgum.com). Wy wolle dus graach it ferhaal heare bygelyks oer hoe’st der oankommen bist of werom’t it dy rekket, of it ferhaal dat der achter stekt. Keunst of kitsch, dat is net belangryk, as der mar in aardich ferhaal achter sit. En dan it stokje trochjaan oan in oare Mantgumer fansels! Lys Scarse set útein mei dizze rubryk. It Skip fan Sinte Nuten. Al myn hiele libben bin ik fassinearre troch it skilderij fan “It Skip fan Sinte Nuten”. It hong altyd by ús heit-en-dy en it hinget no by ús yn de gong – en it byldet in ûnbidich skip út. Ut lettere ynformaasje kaam ik te witten dat yn febrewaris 1953 in grut tal Fryske keunstners fergees wurk beskikber steld hat foar de ferkeap as stipe oan it rampefûns foar de wettersneedramp fan 1 febrewaris yn Seelân. Ien fan dy wurken wie in ets fan It Skip fan Sinte Nuten, dy fantastyske ôfbylding fan in skip dat oan de wolken ta rikt. Beppesizzer Sjoerd frege lêsten noch: “Is dat een piratenschip, beppe?” De fantasij hat syn útwurking dus ek op Sjoerd! Ja, it is it ferhaal fan it Skip fan Sinte Nuten – in âld folksferhaal, wierskynlik út noardlike lânnen. It Skip fan Sinte Nuten wie sa’n alderferskuorrendst grut skip dat it nea oan lân kaam, it wie te grut foar wat foar haven dan ek. It moast sadwaande altyd op see bliuwe. It wie sa grut, dat de kaptein op hynder-enwein it skip rûn ride moast om syn kommandos oan elk kenber te meitsjen. As er dan it skip om west hie, moast it hynder nije hoefizers ha omt de âlde folslein ôfsliten wiene. Ek de matroazen moasten nije hakken en soallen ûnder de skuon ha as se it hiele skip op en del rûn wiene. Yn it ‘kraaiennest’, heech yn de mêst, wie in herberch, en yn de ra healwei de mêst weiden skiep en kij, want it skipfolk moast ûnderweis wol wat te iten ha. MANDEGUOD 24
27 Online Touch Home