56

56 Mandeguod Inez en Ate: Lieten oer oarloch en frede en De oerfal ‘De oerfal op it gemeentehûs fan Baarderadiel yn 1944’ Twa jier lyn, yn april 2020, soe Ate de Jong dit histoarysk foarfal al foar it fuotljocht bringe yn it ramt fan ‘Tusken Tsjerke en Kroech’. Dat kaam der doe net fan, omdat elk yn lock down siet. Doe stie it pland foar novimber 2021, en dan tegearre mei lieten fan Inez Timmer. Dat waard him ek net as gefolch fan sykte. Uteinlik waard it 27 maart 2022. En wat gjinien betinke kind hie: it programma waard troch de oarloch yn Oekraïne aaklich aktueel… Ate syn ferhaal beskreaun in oerfal op it gemeentehûs yn Mantgum op 6 desimber 1944. Persoansbewizen wie it doel fan de oerfal. Fjouwer jonge manlju dy’t ûnderdûkt sieten yn Skearnegoutum ûndernamen dizze noedlike ûndernimming. Op himsels wie de oerfal súksesfol… Yn oarlochstiid koe soks je lykwols it libben kostje. En úteinlik waard it fersetswurk in part fan dizze fjouwer mannen ek fataal. Ate hie him der oer fernuvere dat de measte Mantgumers gjin weet ha fan dizze oerfal, reden foar him om mei help fan in stikmannich minsken de skiednis yn te dûken en it ferhaal boppe wetter te krijen. In yndrukwekkende yntro foar Ate’s wurden foarmen de prachtige lieten fan Inez Timmer. Inez song lieten dy’t mei oarloch en frede te krijen ha, se joech tekst en útlis by de lieten, en dat joech foargoed mearwearde oan har sjongen. Boppedat liet Inez it publyk by in pear lieten meisjonge – de tekst waard werjûn op in skerm, sadat foarkommen waard dat allinnich de refreinen meisongen waarden. Faak witte je ommers wol flarden fan dy lieten, mar net de folsleine tekst.

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication