60 Mandeguod Kwisse foar it goeie doel Foto’s: Adrie Jansen Sneon 26 maart wie it safier, elk wa’t it woe, koe stride om de earste Mantgumer pubkwis wikselbeker. In kwis organisearre troch Skelte fanút stichting Doch Dyn Dream en iksels fanút it Boppeslach projekt. It plan wie om in gesellige jûn te organisearjen en ek noch wat jild yn te sammeljen foar dizze twa moaie projekten. Beide binne wy fanatike pubkwissers, mar fûnen we it ek aardich om sels in kwis te betinken en in priis fuort te jaan. In priis dy’t je net samar yn hannen krigen. Alle dielnimmers moasten mar leafst acht rondes troch bikkelje om sjen te litten dat se as tiim echt oeral wat fanôf wisten. De earste ronde waard al thús spile, sa dat elk wat yn de sfear komme koe. De oare rondes waarden yn de Wjukken útfochten. We hiene in moaie seal fol tiims en ûnder it each fan ús “deskundige” sjuery besteande út master Nijp, juf Ida en juf Klaasje koe de striid oangean. Yn de knollen en bollen ronde gie it alle kanten op, fan snieklokjes oant Bonfire en fan it hynder fan Lucky Luke nei sipels. In moaie ronde om mei te starten. Yn de sportronde dy’t hjir op folge moasten allegear sporttermen by sporten socht wurde, fansels stie boppeslach der ek tusken. Hjirnei moast elk efkes flink oan de bak mei de skiednis ronde. Pittige fragen, mar dat mei ek wolris. Bij de tweet, tweet, tweet ronde koe elk tiim syn of har aai wol kwyt.
61 Online Touch Home