8 Mandeguod Wat hinget der by jim oan’e muorre? Yn in âld hûs as dat fan ús binne it tal muorren om wat oan op te hingjen beheind, yn ús wengedielte hawwe wy grutte ruten, en de bedsteewand jout gjin romte foar keunst, de bedsteewand is sels al hast in keunstwurk. Meinte Walta Wy binne gjin keunstsamlers, wy hawwe dingen kocht dy’t wy moai fine en dy dingen bliuwe ek altiten hingjen wêr’t se hingje, wy fer-hingje eigenliks noait wat. Fan it jild dat wy krigen op ús troudei hawwe wy yn 1993 foar ús wenkeamer yn ús hûs yn Ljouwert fan ’e skilder Meinte Walta in skilderij kocht, in abstrakt skilderij (“Doarp oan it Wetter”) dat wy by de skilder sels útsocht hiene yn syn atelier oan ’e Westersingel (“Sjoch”) en dat er sels by ús ophongen hat. It hinget no yn ús wenkeamer, tsjinoer in stilleven fan Martin Sybesma út Kûbaard, in wurkje dat er skildere hat doe’t er 26 jier wie. Wy sjogge der noch altiten mei in soad nocht nei. Fierder hingje yn ús wenkeamer wat etskes, wêrfan it etske fan twa mûskes fan Jan Mankes miskien wol it bekendst. Yn ús lytse keamer hingje twa skilderijen fan Janneke Hengst, in hok op it Bildt en in seegesicht, en wy hawwe der ek in grutte ets hingjen fan Ids Wiersma, de Rottefalster standertmûne dy’t yn 1921 omwaaid is en wêr’t ús beppe Wimke as bakkersfaam wol by west hat. Boppe de doar hinget in lyts oaljeferfskilderijke, in wintergesichtsje, fan in net te ûntsiferjen skilder, winliken heart it by de prullaria, mar ús pake Liuwe krige it yn 1920 fan it korps doe’t er op ’e jierfergadering de sprekker ferfongen hie mei in tal foardrachten, it stiet der ek achterop: “Voor bewegen diensten”. Ja, sa stiet it der. Yn ús lange gong hawwe wy in pear Eekhoff-kaarten te hingjen, ien fan Idaarderadiel (dêr komme wy beide wei) en ien fan Baarderadiel (dêr wenje wy no. No ja, net mear fansels, mar wy soene der wol graach wer yn wenje wolle…). De gong lient him foar skilderijen en printen. No, skilderijen hingje der net, mar wol in pear etsen fan Ids Wiersma, fan Grou en de Bloedkamp, en twa Japanske printen.
9 Online Touch Home