Tusken tsjerke en kroech V Moaie fariaasje yn ûnderdielen. Wat binne wy bliid mei jimme! Dat wy sa’n evenemint yn Mantgum hâlde kinne, is fansels geweldich! De iene siedt iten, de oar stelt syn hûs beskikber en wer in oaren betinkt in kultureel programma. Dan binne der noch guont dy’t op in oare wize meihelpe, by de koördinaasje of it jaan fan koarting, it brûke meien fan banken, of klapstuoltsjes, it liene meien fan itensark ensfh. Sa fielt it as is Tusken tsjerke en kroech fan ús meiïnoar: fan it doarp Mantgum. As dat gefoel der is, kinne je in soad út ‘e wei sette! De iepening yn tsjerke bestie út in foardracht fan jong talint Sanne de Heer, folge troch twa blokjes mei film, gearstald troch Wim van Eif, mei dêrtuskenyn in koart skoft, ornearre foar lotteferkeap en it útdielen en opiten fan it earste hapke: in amuse! Al dy kleurich ferpakte hapkes wiene klearmakke troch bestjoerslid en tûzenpoat Sien de Groot. Krekt as ferline jier hat Anja Steegstra ús wer omraak holpen. Sy regissearre it stik ‘Belje dokter’, sy sette in besteand stik foar ús oer (Sipeltriennen) en spile dat ek en der waard noch in stik dat troch har oerset is, troch in ploech út Aldeboarn by ús spile(Swart is sa tryst). Wat soene wy sûnder Anja begjinne moatte? Hulde! Iterij Dat gie dit jier oars: it iten wie net yn De Wjukken, mar op lokaasje. Dat wie omdat wy wol werris wat oars woene. Fiif kear Tusken tsjerke en kroech: in fiifMandeguod 15
18 Online Touch Home