21

Reade rûte: Toaniel: ‘Sipeltriennen’ waard spile yn it hûs fan Ary en Yme Meintema. Muzyk: De Mantgumer Boys ha yn ‘e kas fan Lyts Kanaän spile. Reade rûte: Muzyk: de Mantgumer maten wiene te finen yn it droechdok fan de famylje Vd Vegt. Program yn de Wjukken Lykas oare jierren kamen wy om 21.00 oere (werom) yn De Wjukken. Dêr stie de fiifde gong op de dielnimmers te wachtsjen. Dan folge der noch in geweldich Mantgumer muzykûnderdiel betocht en útfierd troch Hans de Boer; Mantgum hat no in eigen liet. Omwille fan de rûmte wurdt de tekst yn it junynûmer fan Mandeguod set. By de ferlotting binne twa prizen oerbleaun: blau 244: Pakket schoonheidssalon Joke giel 616: pakket Klaversma schoenen Ha jo dit lotsje noch thús, dan even kontakt opnimme mei Sien de Groot: frisia1874@gmail.com Nei de ferlotting wie der alle rûmte foar de swingende band Ananazz dy’t funky, jazzy, Afrobeat, Balkanbeat en Ska spilet, ûnder lieding fan Kees Romers! Om healwei tolven wie in tige slagge edysje fan Tusken tsjerke en kroech wer dien! Benijd nei oare jier? Kom dan op 10 maaie nei De Wjukken op de jiergearkomsten fan Frisia1874, dan kinne wy it der mei jimme oer ha. Mochten wy guont ferjitten ha te neamen dan alsnoch ús hertlike tank foar it slagjen fan dizze fiifde edysje fan Tusken tsjerke en kroech. It bestjoer. Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication