Resept I fan tusken tsjerke en kroech Rys mei ratjetoe As itensiedersteam ha wy trije kilo rys sean. Wy moatte rekken hâlde mei op syn meast 30 iters, werfan in achttal jongkeardels en mûltergjen hâlde wy net fan. Der is hiel wat oerbleaun foar ús noflike gastfrou Korrie en har hinnen! As rys echt in teken fan fruchtberens is, hat Korrie hiel wat aaien fûn dizze maaitiid. De ratjetoe foar by de rys liket ús earst lang net genôch te wêzen, mar dat falt ta. Wat sa moai is oan dit resept: it is oan alle einen en kanten fleksibel. It is in eigen resept en al jierren yn gebrûk. En it hat al in protte feroarings ûndergien. It begjint mei in yn stikjes snijde hinnefilet. Bak dizze mei as sûnder sâlt en krûden goed gear. Bak yn’t lêst in pûdtsje foarweakke nassikrûden mei. Doch er dan in snijde paprika by. Fanôt it begjin geregeldwei omskeppe en wilens it folgjende klear meitsje. Multy-tasking! De leafst farske ananas yn partsjes snije en tafoegje. Dan de trijekaart fan in ienfâldiche pindasaus tafoegje: pindakaas, tomatenketchup en ketjap (ferhâlding 5:2:1?). No net mear omskeppe: de pindakaas moat boppe lizzen bliuwe. Sa ek de snijde bananen. Efkes stean litte op sacht fjoer mei in deksel derop. Farieare kin mei Sweet Chilisaus, mei gembersiroop (goed tsjin pynyntliif sizze se yn Sri Lanka), pinda’s, cashewnuten, sipel, druven, rezinen, wat sop fan de ananas at dy út it blik komt en de hin kin ek ynsmaard wurde mei chilipoeier. ’t Is mar krekt hoe skerp as je ite wolle. Fariaasjes genôch, mar ien ding is ûnmisber en dat binne de bananen. Lekker ite! Jessica en Ruerdtsje Vakanties 2016 huisarts Boazum - Hornstra 2 - 24 juli 10 - 18 sept 31 dec - 8 jan Zomer Herfst Kerst Mandeguod 37
40 Online Touch Home