De Wietwetterklup Mantgum e.o.: Hâldt op tongersdei 19 maaie de twadde ledefergadering om 20.00 oere yn 'e Wjukken. Yn it hierkontrakt mei de gemeente Littenseradiel wurdt de wâl by de Wjukken fan de dûkerbrêge nei de fytsbrêge by Hoxwier hierd ynklusyf de trailerhelling en de steigers. Dêrmei kriget de WWK it foech lisplak ta te wizen, sûnder dat der fan in lisplakferoardering sprake is. De leden fan de WWK hawwe it rjocht om in lisplak te hieren en binne dan fersekere fan in fêst lisplak: lyts en grut. De kosten fan it lidmaatskip en de hichte fan it lisjild sille troch de leden op dizze fergadering fêststeld wurde. Ek sil der in húshâldlik reglemint, in havenreglemint en statuten fêststeld wurde. Ek de namme fan de nije feriening sil fêstlein wurde moatte. De doelstelling sil mooglik byspikere wurde moatte. Oan't no ta wie der in romme omskriuwing fan tapassing, nammentlik: De feriening stelt har te'n doel it behertigjen fan belangen fan de leden op it mêd fan de wettersport, soks yn de romste sin fan it wurd. Dat sil fan jurisprudinsjewegen krekter omskreaun wurde moatte. Ek sille nije bestjoersleden yntrodusearre wurde. Inkele leden fan de besteande WWK hâlde op om't 12 jier op dizze âldens al wer in hiel skoft is. It is dus saak om lid te wurden fan ús feriening as jo wat mei wetter en farren hawwe. Jimme witte allegearre wol wat de WWK fan 2004 ôf dien hat foar it wetter yn en om Mantgum hinne. En om dat trochsette te kinnen is it in goede saak om lid te wurden. De statuten binne te besjen troch se te downloaden by Pieter van der Kooy fan 10 maaie ôf: prvanderkooy@gmail.com Ek nei te lêzen yn de Wjukken, nei 10 maaie lizze de statuten hjir ek op besjen. Wurd lid en kom op 19 maaie om 20.00 oere nei de Wjukken, en as jo al lid binne treffe wy elkoar dan. Oan 'e seal lid wurde kin ek. It bestjoer fan 'e WWK de skriuwer Teake Oosterbos Mandeguod 43
46 Online Touch Home