51

Poiesz Jeugd Sponsor Aksje 2016 Dit jier mocht keatsferiening Jacob Klaver wer meidwaan oan de Jeugd Sponsor Aksje fan de Poiesz. Op sneon 26 maart wie it Jacob Klaverdei yn de Poiesz. Fan 10.00 oant 15.00 oere ha wy ús feriening promoate kinnen om sa ekstra munten binnen te heljen. Mei de ferkeap fan appelflappen wiene der in soad sponsormunten te fertsjinjen. Us jeugdleden Hessel, Tyme, Hedzer, Hidde, Hendrik, Willem, Tjitte, Stientsje, Andries, Rutmer, Rikst, Nick, Tara en Feije ha harren uterste bêst dien om de appelflappen te ferkeapjen. Dit is tige goed slagge en trochdat dizze bern sa goed harren bêst dien ha, hat Jacob Klaver in protte ekstra munten binnenhelje kinnen. Op freed 15 april hawwe we nei it WTC Expo yn Ljouwert west om dêr ús sjek yn ûntfangst te nimmen. It wie wer in fantastysk feest mei prachtige optredens fan bekende artiesten. It hichtepunt wie fansels de útrikking fan de sjek dêr’t op stie hoefolle jild der byinoar sparre wie. De ponghâlder kin him yn de hannen wriuwe , want der is mar leafst € 1038,00 oermakke op de bankrekken fan K.F. Jacob Klaver. Mei tanksij de Jeugdsponsoraksje hawwe wy de lêste jierren al in soad Jacob Klaver klean oanskaffe kinnen. Mar foar de allerjongsten wiene de maten te grut. Mutasport makket no ek foar dizze groep de JK shirts. Dit jier starte we mei in kaboutergroepke. Foar dizze jonge bern sil der spesjaal materiaal en ballen oanskaft wurde, dy’t passe by harren leeftiid. Mantgum is bliid mei sa’n moaie supermerk en syn belutsenens by de regio. Wy wolle de POIESZ SUPERMERK en eltsenien tank sizze foar harren stipe yn dizze wiken. Mandeguod 49

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication