Voorrangssituatie gewijzigd LET OP! De voorrangssituatie bij kruising It bosk/Hegedyk is gewijzigd. Hegedyk voorrangsweg Het verkeer op de Hegedyk heeft nu altijd voorrang! De redactie van Mandeguod Verleen voorrang aan bestuurders op kruisende weg voorrangsweg Plattegrûnbuorden It behear fan de buorden oan de yngongsdiken fan Mantgum is yn hannen fan de ûndernimmers-feriening. Elk jier sjogge we dizze buorden efkes nei as se noch hiel en aktueel binne. Dizze kear wie de plattegrûn fan it boerd by it spoar bekrast. Omdat wy ek nije leden ha dy oan jûn hiene dat se ek wol op it boerd woene kaam dat moai út om alles wer even op te kreazjen. Dus op tiisdeitejûn hawwe Wilco en ik de buorden der ôf skroefd sadat Rinse de nije stikkers regelje koe. Op woansdei krige ik Mandeguod yn 'e bus en doe seach ik ta myn skrik dat it boerd by it spoar diel út makke fan de peaskepuzzel. As wy dat witten hiene dan wie it boerd noch efkes hingjen bleaun, mar ja it wie al wer sa. Underwilens hinget it nije boerd der wer super kreas by mei tank oan Rinse fan Studio Dyk. As jimme ris in kuierke meitsje stopje ris by in boerd en sjoch wa't der allegearre op steane. út namme fan de Undernimmersferiening Mantgum Jan Watze Wiersma Mandeguod 5
8 Online Touch Home