21

Weromblik op Tusken tsjerke en kroech 2017. Wat in minsken en wat in waarme Griene rûte: reaksjes nei de tiid. Wat kin Mantgum der grutsk op wêze dat wy ien kear yn ’t jier sa’n evenemint ha dêr’t safolle minsken by belutsen binne: itensieders, spilers, muzikanten, lokaasjehâlders, dielnimmers, fotograven, gidsen, frijwilligers dy’t yn De Wjukken helpe, middenstanners dy’t ús rynsk stipe hawwe mei prizen of mei boadskippen foar de itensiederij, bestjoersleden en neam mar op. Sa wurdt ‘Tusken tsjerke en kroech’ fan ús allegear. Fanút it bestjoer wolle wy elkenien nochris tanksizze foar de meiwurking. Dit jier in soad nije gesichten, dat is hiel moai. Nije ûnderdielen en ûnderdielen op herhelling, mar dochs wer mei wat nijs, dat is ek prachtich. Der wie safolle ferskaat dit jier dat der echt foar elk wol in ûnderdiel by siet dat ta de ferbylding spriek. Wy kinne alfêst melde dat takom jier tusken tsjerke en kroech op sneon 7 april hâlden wurde sil! Hjirby in fotoferslachje. Dy’t mear foto’s besjen wol, riede wy oan om even op Facebook te sjen: www.facebook.com/frisia1874 Dêr binne trije albums te besjen; fan elke rûte ien! Lotnûmers Der binne noch wat prizen lizzen bleaun, ha jo de lotsjes mei de winnende nûmers? Ofhelje fan jo priis Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication