In ûnderbroek moast mei linten en bannen omheech holden wurde, en efkes út ‘e broek wie sa maklik noch net. No hie mefrou Keizer wol in pear sjarmante ûnderbroeken út dy tiid meinommen. Ek ien eksimplaar mei in iepen krúsnaad. Wol sa handich, netwier? Ien fan de oanwêzige froulju wist noch wol hoe’t de fiskersfroulju dat eartiids yn Delft diene. “Dan kwamen die vrouwen met aan elke arm een mand vol vis om te verkopen. Zo nu en dan gingen ze even op de hurken zitten, en als ze dan verder liepen, lag er een keurig plasje op straat.” Boetes foar wildplassen hiest doe lokkich noch net. Al dy linnen himden wiene doedestiids in bytsje goar-wyt. Koest se noch in bytsje ljochter krije troch se te blikken mei in bleekmiddsel dat altyd foarhannen wie: pis! En troch it wytguod yn ‘e sinne op de bleek te lizzen. Yn de doarpen hiene de minsken faak harren eigen túntsje dêr’st it waskguod op lizze koest te blikken, mar yn de stêden wiene dêr algemiene bleekfjilden foar. In protte stêden ha dan ek noch wol in Bleeklaan of in Blekerstraat – oantinkens oan earder tiden. Om dyn eigen himdsje tusken al dy oare himden op sa’n algemiene bleek makliker werom te finen, wie it handich datst dyn inisjalen op dyn himd borduerdest. Dan kaamst teminsten net mei buorfrou har négligéetsje thús. De letterlapen fan oerbeppe joegen foarbylden genôch om der in pear moaie letters op te bordueren. Fernuverest dy oer al dy lagen rokken dy’t de froulju oanhiene? Ferjit net dat it doedestiids yn ‘e hûs bytiden kwalik waarmer wie as bûtendoar. Dan is it wól sa noflik om flink wat lagen rokken om ‘e skonken te hawwen. Margriet hie ek allegear klean út dy tiid meinommen, materiaal dat elk yn de twadde helte fan de jûn ek even oanpasse en ‘hifkje’ koe. Sokke rokken woegen der trouwens yn: makke fan wol of linnen, en fansels sawat oan de ankels ta. Sa’n 400 jier lyn wiene alle wollen en linnen stoffen lykwols ienkleurich. Woest der kleur of fersierings op ha dan moast oan it naaien en bordueren slaan. Pas nei 1600, doe’t de VOC-skippen nei it Easten hinne en wer begûnen te faren, waarden op de weromreis kleurige katoenen stoffen út India, Yndonesië en Japan wei meinommen. Katoenen stoffen mei de prachtichste Mandeguod 25
28 Online Touch Home